Helm dy’t fûn is yn tsjerke Skettens blykt ieuwenâld eksimplaar

maaie 4, 2016 11:52

De helm dy’t ferline jier yn de tsjerke fan Skettens fûn is, blykt in tige seldsum eksimplaar út de santjinde ieu te wêzen. Nei ûndersyk waard dúdlik dat de helm, fûn troch konservator Jeroen Punt fan it Nationaal Militair Museum (NMM), eigendom wie fan Schelte van Aysma. Dy Fryske ofsier focht yn de Tachtichjierrige Oarloch yn de legers fan de Oranjeprinsen Maurits en Frederik Hendrik. Nei de fynst sette Punt fuortdaliks útein mei in syktocht dy’t wissichheid jaan moast oer de identiteit fan de doetiidske eigner. Yn de tsjerke leine leden fan de aadlike famyljes Van Osinga en Van Aysma begroeven. As earste waard socht nei in ferbân tusken ien fan dy persoanen en de helm.

Grêfstien
Uteinlik toande de grêfstien fan Van Aysma oan dat de helm fan de ofsier west hie. De stien lei desennia lang ferburgen ûnder in flonder yn it koar fan de tsjerke. Op de stien stie in identike helm ôfbylde. Dy ôfbylding tsjut derop dat de helm in spesjaal plak yn it libben fan de eigner hân hat. Nei restauraasje kriget de helm in fêst plak yn it NMM. In kopy, yn de foarm fan in 3D-print is mei in ynformaasjeboerd te bewûnderjen yn de tsjerke. Op 14 maaie wurdt de restaurearre helm presintearre yn de tsjerke fan Skettens en sil de offisjele oerdracht wêze.

maaie 4, 2016 11:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.