“Was hätten Sie dann gemacht. Wat hiene jo dan dien?”

maaie 4, 2016 06:00 Fernijd

Pier Bergsma

Om te begripen wêr’t it om giet, soest op 4 maaie fjouwer filmfragminten sjen litte kinne. Om te begjinnen in fragmint út Triumph des Willens. Das Dokument vom Reichsparteitag 1934. Hergesteld im Auftrage des Führers. Yn dy film út 1935 docht Leni Riefenstahl op in geniale wize ferslach fan it partijkongres yn septimber 1934 fan de NSDAP, de Nasjonaal Sosjalistyske Dútske Arbeiders Partij. Yn it begjin fan de film sjogge wy it fleantúch mei Adolf Hitler. Hy is ûnderweis nei Nürnberg. Op ’e grûn rinne de muzykkorpsen en de militêren op wei nei it stadion. Efkes letter folgje wy Der Führer op syn tocht troch de stêd. Oan de kant fan de wei stiet in útsinnige mannichte. Alles is oant yn de perfeksje organisearre.

Eltsenien dy’t de opkomst fan Nazi Dútslân begripe wol, eltsenien dy’t begripe wol wat byld en ferbylding teweibringe kinne, soe dy film sjen moatte. Wy witte hoe’t it ôfrûn. Santich jier letter, yn 2004, waard yn itselde Dútslân Der Untergang makke. Krekt sa’n briljante film as Triumph des Willens, mar út in oar perspektyf wei. Dat fan de totale ûndergong yn april en maaie 1945 fan dat tûzenjierrige Dútske ryk.

Wy steane hjoed stil by de ferskrikkingen fan it ferline en wat wy dêrfan leare kinne. Dêrom is it in goed idee fan it Bevrijdingsdagcomité om foar alle bern fan groep 7 in moai 4 en 5 mei werk- en denkboek, mar ek mei ferhalen, út te jaan. Bern hawwe ferlet fan ferhalen. Minsken libje by ferhalen. Wy fertelle se, lêze se en sjogge hoe’t se ferteld wurde yn films.

Ien fan de meast ynkringende ferhalen oer de Twadde Wrâldoarloch is dat fan Hanna Schmitz út Der Vorleser fan Bernard Schlinck. It boek waard ferfilme ûnder de titel The Reader (Heidelberg 1950, West-Dútslân). Michael Berg, in jonge fan sechtjin en Hanna, in frou fan hast tritich wurde fereale opinoar. Se begjinne in ferhâlding, mar dan ferdwynt Hanna fan de ien op de oare dei spoarleas út it libben fan Michael. Jierren letter sjocht er har werom yn de rjochtseal. Se blykt kampoppasser west te hawwen. Yn begjin 1945 begelate se mei oaren in tal finzen froulju dy’t se ûnderweis mear dea as libben yn in tsjerke oernachtsje lieten. Opsletten. De tsjerke wurdt dy jûn troch in bombardemint troffen en fljocht yn ’e brân. De analfabete Hanna wurdt derfan beskuldige dat se net yngrepen hat troch de doarren te iepenjen. De froulju ferbrâne. It sjocht der min foar har út yn de rjochtseal. En dan freget se de rjochter yn oprjochte wanhoop: “Was hätten Sie dann gemacht. Wat hiene jo dan dien?” De rjochter jout gjin antwurd.

Yn ús posysje fan 2016 yn in fleurich en feilich lân is it maklik om in oardiel te jaan. Mar dêr giet it fansels wol om yn it libben. Wat hiesto dan dien. Uteinlik nimt haadpersoan Hanna de uterste konsekwinsje fan wat se dwaan moatten hie, mar net dien hat. De dei foardat se frij litten wurde sil, nei in finzenisstraf fan achttjin jier, makket se harsels fan kant.
Der binne minsken dy’t fan miening binne dat wy yn in gefaarlike tiid libje. Tink oan de oanslaggen yn Parys, Brussel en oare Europeeske haadstêden, IS en Syrië. Der binne minsken dy’t fan miening binne dat God en gebod ferlitten binne. Noarmen en wearden lykje somtiden fier te sykjen. Mar nea earder libben safolle minsken wrâldwiid yn frede, wolfeart en feiligens. Wy hawwe yn ús tiid gelokkich net mear de oertsjûging dat der mar ien wierheid is, lykas doe yn Hitler-Dútslân, of no yn kommunistysk Noard-Korea. Noch de Bibel, noch de Koran of oare hillige, mar troch minsken skreaune en betochte boeken, hawwe de wiisheid yn pacht. Dêr kinne wy ús net troch liede litte. Just twivel en dat wy inoar de romte jouwe – hokker taal wy ek prate, hokker foarkar en oertsjûging wy ek hawwe – kinne ús fierder bringe. Ommers, wy binne kwetsbere minsken dy’t oerlevere binne oan tiid en tafal, oerlevere oan ússels en oare minsken.

Op in jûn as dizze moatte wy ús net delslein fiele troch wat net goed giet. Nee, wy binne krekt ferplichte oan al dy minsken dy’t harren libben joegen om moedich te wêzen en te striden foar minsklikens. Dat giet nea sûnder dilemma’s.

Ik soe maklik sa’n dilemma helje kinne út de Twadde Wrâldoarloch, mar dat doch ik net. In foarbyld helje ik út Enduring love, Ziek van liefde fan Ian Mc.Ewan. Oan it begjin fan it ferhaal sit in pearke earne op it Ingelske plattelân. It is moai waar, mar it waait hurd en dan sjogge se dat der in hiteloftballon oan komt en dy is yn grutte problemen. Hy rekket de grûn en in jonkje en in man wolle derút. Fjouwer manlju besykje de ballon oan de grûn te hâlden. Dat slagget net. Troch in wynpûster giet er wer omheech. It boek is ferfilme en jo sitte mei it swit yn de hannen te sjen hoe’t dat ôfrinne sil. Dan komt der in momint dat de fjouwer dy’t al mei de loft yngeane, beslute moatte: de touwen en de koer fêsthâlde of net. Trije litte los, ien giet mei, heger en heger en falt in pear minuten letter fan grutte hichte op ’e grûn. Dea.

En dan skriuwt Mc.Ewan: “Dat is ús sûchdierekonflikt, wat joust de oaren en wat hâldst sels. It hast ûnoplosbere dilemma fan de moraal: de oaren, wy of ik.”

Jûn betinke wy de slachtoffers, mar ek yn tankberens al dyjingen dy’t sa moedich wiene om net foar harsels te kiezen. Dy tankberens mei net ferlern gean en jout ferplichtingen.

maaie 4, 2016 06:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. BT maaie 4, 09:11

    Moai stikje om efkes oer nei te tinken. Tanke wol!

  2. Tsjerk maaie 5, 15:39

    Mooi skreaun Bergsma,
    Tige nysgirrig stik tankewol

  3. Gidon59 maaie 6, 19:55

    Wit ik net mar de tiid sil it sizzen of fuort gean of it ferset yn

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.