Fryslân yn myn tinzen

maaie 14, 2016 17:42

Wêrom wie en is Fryslân sa noflik en goed foar my? Om dy fraach te beäntwurdzjen, bin ik yn de Fryske skiednis dûkt. De meast iere skiednisbeskriuwing oer Frisia komt fan de Romeinen. Dy fûnen it sompige gebiet by de kust fan de Noardsee del ûnbewenber, fan wat no Flaanderen is oant it hjoeddeiske Denemarken. Mar de doetiidske Friezen wisten dy gebieten dochs bewenber te meitsjen. Earst troch terpen te meitsjen, fanôf fiif iuwen foar ús jiertelling. Dy terpen yn woelige seewetters by heech tij kin men no noch oanskôgje: de Halligen, yn wat no Noard-Fryslân yn Dútslân is, wurde noch alle dagen sa troch de see omspield. Dy wil om de natuer net syn gong gean te litten mar maakber lânskip yn te rjochtsjen, waard fan om en by it jier 1000 ôf fierder yn praktyk brocht troch de earste polderdiken oan te lizzen. Dy binne der no noch: de 126 km lange West-Fryske Omringdyk en de 42 km lange Fryske Slachtedyk. Fierders waard it wetter fan fijân ta bûnsgenoat makke troch fiskerij en hannel oer see. Yn it hjoeddeistige Fryske lânskip is de rol fan it wetter as ferfiersmiddel mei de boat noch werom te finen yn withoefolle fearten dy’t de buorkerijen mei de doarpen en stedsjes ferbine.

Mar in bytsje Nederlanners witte dat de Friezen de útfiners fan net allinnich de polders mar ek fan it poldermodel binne. De Nederlânske útdrukking ‘op z’n elfendertigst’ ferwiist dêrnei: earst moasten de Fryske alve steden en tritich gritenijen (regio’s) rieplachte wurde foar’t der in beslút nommen wurde koe. Der wie in wolbegrepen eigenbelang om mei-inoar de diken heech en de binnenwetters leech te hâlden om oerstreamingen foar te kommen. Fan alle Europeeske poldergebiet leit de helte yn Nederlân en benammen de Rânestêd libbet foar it grutste part ûnder de seespegel. Krekt dêr soe men dan ek wat mear wurdearring ferwachtsje foar it troch de Friezen betochte polderjen yn stee fan inoar hieltyd yn de (a)sosjale media de tinte út te fjochtsjen.

Dat ierdrykskundige ferline hat grutte ynfloed hân op de Fryske kultuer. De lânbou wie net yn hannen fan feodale hearskers mar fan frije boeren dy’t gjin hearskers boppe harren fernearden. De hannel wie yn hannen fan frije boargers yn stedsjes dy’t in iepen libbenshâlding derop nei holden. Mei tank oan de seefeart fia Suder-, Noard- en Eastsee kamen se yn ’e kunde mei oare talen en kultueren. Meartaligens mei de dêrby hearrende kulturele iepenheid is noch hieltyd in skaaimerk fan it hjoeddeistich twatalige Fryslân. It wetterrike gebiet wie boppedat min tagonklik foar frjemde ynkringers. Oars as West-Fryslân dat troch de Hollanners ferovere waard, koe Fryslân, mei tank oan de slach by Warns dy’t se yn 1345 wûnen (en dy’t noch altyd by my yn ’e buert betocht wurdt), de Fryske taal en frijheid feilich stelle. Oars as de measte skiedskriuwers ús leauwe wolle litte, wie de dea fan Bonifatius gjin rôfmoard mar de ferdigening fan de frije Friezen tsjin in mei geweld besykjen om de kristlike godtsjinst op te lizzen (Luit van der Tuuk, De Friezen, 2013).

Pas koartlyn hat de Britske histoarikus Michael Pye mei syn boek oer The Edge of the World: How the North Sea Made Us Who We Are (2014) sjen litten dat de Friezen in bysûndere rol spile hawwe nei it fuortfallen fan it Romeinske Ryk. De Romeinen dreaunen leaver hannel mei de Friezen as bûnsgenoaten as harren hiel dreech tagonklike wengebiet te besetten. Allinnich it tinbefolke gebiet súd fan de Rijn waard troch de Romeinen ynnommen. Utert en Doarestêd (flak by it hjoeddeistch Wijk bij Duurstede) waarden op dy grins wichtige Fryske hannelsplakken. Nei’t it Romeinske Ryk ynstoart wie, setten de ûnôfhinklik bleaune Friezen de hannel by de Noard- en Eastsee troch. Sy wiene it dy’t de weifallen Romeinske jildhannel mei eigen munten oernamen. Dêrmei waarden se de foaroprinners fan de lettere Hanze. Sa waarden de Friezen mei harren iermidsiuwske hannel de grûnlizzers fan de lettere wolfeart yn Noardwest-Europa.

Doe’t ik yn de santiger jaren kolleezje joech oan earstejiersstudinten oan de Sosjale Fakulteit yn Utert wie ik my fan dy Fryske skiednis net bewust. Mar ik wist genôch fan de Nederlânske skiednis om te witten dat it byld net doogde dat in soad sosjologen hiene fan de betide mienskippen foarôfgeand oan de moderne maatskippij. It wiene foaral Dútske sosjologen dy’t derfan útgiene dat de betide mienskip (‘Gemeinschaft’) sletten en feodaal fan karakter wie yn yn tsjinstelling ta de moderne maatskippij (‘Gesellschaft’). Yn Nederlân wie dat oars. Dêr libben boeren dy’t net feodaal oerhearske waarden en boargers yn frije stedsjes dy’t folop hannel dreaunen mei oare kultueren. Dat wiene, sa hold ik myn studinten foar, foarbylden fan iepen mienskippen. Jannewietske de Vries knope dat as ien fan myn studinten yn de earen en brûkte de Fryske siswize ‘iepen mienskip’ as deputearre fan Fryslân (2007-2015) om mei sukses de oanfraach te ûnderbouwen om fan Ljouwert yn 2018 Kulturele Haadstêd fan Europa te meitsjen. Sy fertelde my dat op 28 oktober 2015 doe’t se mei my as no wol bekende ‘nije Fries’ yn de tsjerke fan Molkwar in fraachpetear hold oer myn famyljeferline. Doe waard ek dúdlik dat de menear De Vries oer wa’t ik spruts yn de Tresoar-lêzing, har heit Bareld de Vries is, dy’t ik koe troch it iepenbier ûnderwiis. Sa is ien fan de skaaimerken fan de lytsskaligens yn Fryslân dat de ferbûnens ûnderinoar ta grutte belutsenens ûnderinoar liedt.

Wêrom hat dizze Tresoar-lêzing fan freed 13 maaie 2011 yn Ljouwertn sa’n grutte betsjutting? Dy waard troch my útsprutsen ta gelegenheid fan de oerdracht fan it net-humanistyske part fan myn argiven oan it Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar. Myn humanistyske argiven wiene al earder fia it Humanistysk Argyf oerdroegen oan Het Utrechts Archief. Yn dy Tresoar-lêzing komme myn opfettingen oer humanistyske, homoseksuele en Fryske identiteiten byinoar ta útdrukking. De lêzing is dêrmei in synteze fan al it foarôfgeande.

Rob Tielman

maaie 14, 2016 17:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.