Foarstelling oer famyljes dy’t ferdwûn binne
Resint ferskynd
Hoe wie dat, as der samar in húshâlding ferdwûn wilens de Twadde Wrâldoarloch? Buertgenoaten of in famylje op it doarp? Bern fan skoalle, freonen en freondintsjes? Fan de iene op de oare dei in leech hûs by dy yn ’e strjitte, in lege stoel yn ’e klasse, in freondintsje datst net mear oan hoegdest te heljen foardatst nei skoalle fytstest? De ferhalen en oantinkens dêroer fan acht âlderen dy’t de Twadde Wrâldoarloch as jongere of as bern meimakke hawwe, foarmje in libbene ynspiraasjeboarne foar de foarstelling Verdwenen Families.
Sechstjin jongeren fan de Jeugdteaterskoalle ha ynterviews hâlden mei harren. De ferhalen út ’e oarloch wurde troch de jonge akteurs wer ta libben roppen ûnder lieding fan regisseuze Janneke de Haan. De sfear, de emoasjes, de bylden út de ferhalen steane sintraal, mei it tema ‘ferdwine’ as reade tried. Janneke de Haan skreau op basis fan dy ynterviews in skript foar de foarstelling. It resultaat is te sjen yn de argiven yn de kelder fan Tresoar. Tusken de kasten, yn de lange gongen dêr’t de skiednis fan Fryslân bewarre wurdt. De skiednis, dêr’t de Twadde Wrâldoarloch part fan útmakket.
It projekt is in inisjatyf fan Theater na De Dam yn Amsterdam, útfierd troch Meeuw | jonge theatermakers en te sjen yn Tresoar yn Ljouwert. By de sânde edysje fan Theater na De Dam spylje lânlik sa’n sechstich foarstellings dy’t elk op eigen wize wat te krijen ha mei de Twadde Wrâldoarloch.
Foarstellings:
Tiisdei 3 maaie 19.00 en 21.00 oere
Woansdei 4 maaie 19.00 en 21.00 oere
Freed 6 maaie 19.00 en 21.00 oere
Boarne: Tresoar
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje