De nammen fan de moannen yn it Frysk

maaie 13, 2016 07:18

Maart (yn Súdeast-Fryslân soms ek meart) is in ferfrysking fan it Latynske martius. By de Romeinen wie dat de earste moanne fan it jier. De moanne is neamd nei de oarlochsgod Mars, omdat oarloggen yn ‘e winter faak stilleine en yn ‘e maityd wer ferfolge waarden. In Fryske namme foar maart is de foarjiersmoanne.

April hjitte by de Romeinen Aprilis. It komôf fan de namme is net bekend. Yn it Frysk wurdt de moanne ek wol gersmoanne neamd.

Maaie of yn it Latyn maius is neamd nei Maia, de goadinne fan de groei. Har namme is ôflaat fan it wurd ‘maior’, dat ‘grutter’ betsjut. In Fryske namme fan maaie is de blommemoanne.

Juny is in ferfrysking fan iunius. De Romeinen hawwe de moanne neamd nei de goadinne Iuno, dy’t de frou, it houlik en de berte beskerme. In oare Fryske oantsjutting is de simmermoanne.

July komt fan de Romeinske namme iulius. De moanne is troch de Romeinske keizer Iulius Caesar nei himsels ferneamd. De âlde namme quintilis (‘de fyfde’) ferfoel dêrmei. De Fryske namme heamoanne ferwiist fansels nei de ûngetiid.

Augustus is troch de Romeinske keizer Augustus nei himsels neamd. Yn dy moanne hie er syn wichtichste oerwinnings behelle. Earder hiet de moanne fan sextilis (‘de sechsde’). It Hollânske wurd ‘oogst’ (rispinge) is in ferbastering fan ‘augustus’. De Fryske namme ferwiist ek nei it rispjen: rispmoanne.

Septimber is oarspronklik de sânde moanne. De Latynske namme september betsjut dan ek ‘de sânde’. In oare Fryske namme is de hjerstmoanne.

Oktober of yn it Latyn october is de achtste moanne en de namme betsjut dan ek ‘de achtste’. De Fryske namme is wynmoanne. De namme is dûbelsinnich, mar ferwiist nei alle gedachten nei ‘wyn’ as drank en net nei de ‘wyn’ dy’t waait, om’t it Hollânsk de moanne ek wol ‘wijnmaand’ neamt.

Novimber komt fan it Latynske november, dat ‘de njoggende’ betsjut. De moanne hjit ek wol slachtmoanne.

Desimber is de ferfrysking fan december en dat wie by de Romeinen gewoan ‘de tsiende’. Wintermoanne wurdt er yn it Frysk soms ek neamd.

Jannewaris of jannewarje hie by de Romeinen earst gjin namme. Yn de winter lei it libben fierhinne stil en de moannen waarden dan ek net beneamd. Letter krige er de namme ianuarius. Hy is neamd nei Ianus, dy’t ûnder oaren de god fan de feroaring wie. Yn it Frysk hjit de moanne ek wol foarmoanne.

Febrewaris of febrewarje hat syn namme ek wat letter krige. De Romeinen neamden him februarius en dat betsjut ‘moanne fan it himmeljen’. De Romeinen fierden yn febrewaris harren himmeldersfeest, om skjin it nije jier te begjinnen. De Fryske namme sellemoanne. Hielendal wis is it net, mar ‘selle’ is nei alle gedachten in âld wurd foar ‘smoargens’.

maaie 13, 2016 07:18
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Eric maaie 26, 13:18

    Auteur? Is dochs nijsgjirrich om te witten?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.