De Blob ferrinnewearret it koraal wrâldwiid

maaie 1, 2016 22:02

Yn de wrâldseeën kriget op it stuit in ramp stikemwei syn beslach. Foar de tredde kear ferblikje rûnom de koraalriffen. Diskear liket it slimmer te wêzen en langer te duorjen as de foarrige kearen, yn 1998 en 2010. Saakkundigen sitte o sa yn noed dat it koraal him skielk net mear ferhellet.

Koralen wurde foarme troch miljoenen lytse bistkes, koraalpolipen, dy’t kalkskeletten meitsje en sadwaande riffen bouwe. Hja libje yn symbioaze mei iensellige algen, dy’t wûndermoaie kleuren jouwe oan dy saneamde stienkoralen. De algen produsearje mei help fan fotosynteze sûkers dy’t as fretten tsjinje foar de polipen. As de temperatuer omheech giet wurde dy algen lykwols útstjitten en dat laat ta kleurferlies. As sa’n hege temperatuer te lang oanhâldt, stjert it koraal ôf.

Ferblikke koraalIn seeskyldpod swimt boppe ferblikt koraal by Reager Eilân, yn it súdlike Grutte Barrière Rif by Australië. © XL Catlin Seaview Survey

Hege wettertemperatueren binne in gefolch fan de opwaarming fan de ierde. Ofhinklik fan it krekte ferrin fan it waar kin it ferblikjen samar ynienen úteinsette. Nei trije waarme winters ûntstie yn 2014 al in hjitteweach ûnder wetter yn de noardeastlike Stille Oseaan, mei temperatueren fan sa’n twa graden Celsius heger as yn de omkriten, dy’t him stadich by de westkust fan Amearika nei it Noarden ta útwreide en de Blob neamd waard. Troch in tige krêftige El Niño waard de Blob yn 2015 nei Yndonesië en Afrika treaun en liet oeral wite koraalriffen benefter. Teheistere en ôfstoarne riffen binne neffens de New York Times oantroffen by Réunion, Madagascar, East Flores, Yndonezië en fan Guam en Hawaii yn de Stille Oseaan nei de Florida Keys yn de Atlantyske Oseaan. Fan de 520 riffen dy’t diel útmeitsje fan it noardlike part fan it ferneamde Grutte Barrière rif by Australië, wienen der mar fjouwer net skansearre. Mear as tûzen kilometer rif is bot ferblikt. “Der wankt in ûnbidige planetêre krisis, mar wy stekke ús kop yn it sân”, sa sitearret de New York Times Justin Marshall, direkteur fan CoralWatch dat diel útmakket fan ’e Australyske Universiteit fan Queensland. As de hjoeddeistige situaasje noch lang oanhâldt, sil it koraal him net mear ferhelje, ornearje saakkundigen.

It is net allinnich de skientme fan it koraal dy’t ferdwynt. Carel Drijver, oseaanekspert by it Wrâld Natuer Fûns seit: “In fearn fan it libben yn see is foar fretten en beskerming ôfhinklik fan koraalriffen.” It biologysk ferskaat fan koraalriffen is neffens de natuerorgansiaasje almeugend: op ien rif kinne twahûndert soarten koraal, trijehûndert soarten fisk en tsien- oant hûnderttûzen soarten wringeleaze bisten foarkomme. Mar it koraal is ek fan grut belang foar de minske, sa giet Drijver fierder: “Meidat se weagen brekke, fungearje koraalriffen as kustbeskerming. En tsientallen miljoenen minsken komme mei fiskerij en dûktoerisme by koraalfriffen troch de tiid.”

maaie 1, 2016 22:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*