Arjen de Ree wint it wurdsjewrotten mei ‘poepesinne’
Resint ferskynd
De ‘poepesinne’ is de moanne. De opdracht dy’t wy fjirtjin dagen lyn joegen, wie om dêr in moaie sin mei te meitsjen, dêr’t de betsjutting dúdlik yn útkaam.
It ‘poep’ yn ‘poepesinne’ is in skelwurd foar in Dútser. Yn ‘e 19e ieu wienen der in soad Dútske gastarbeiders yn Fryslân oan it wurk. De Friezen fûnen har mar ûnnoazel folk. De Dútsers sprutsen inoar faak oan mei ‘Bube’ (jonge). De namme ‘poep’ is dêr in ferbastering fan.
Der binne in soad wurden dêr’t ‘poep’ yn foarkomt. Sa is in ‘poepetange’ in koefoet en in ‘poepetoer’ in drege put wurk. It froulik geslachtsdiel waard wol in ‘poepehoas’ neamd.
Arjen de Ree fan de Jouwer hie de moaiste sin makke mei ‘poepesinne’. Syn sin is hast dichterlik en makket fuotendaliks dúdlik dat de poepesinne de moanne is. De Ree krijt in aardichheidsje tastjoerd. Dit is de winnende sin:
“By in wolkeleaze himmel ljochtet it aardich op as de poepesinne fol is, by nije moanne kin it behoarlik tsjuster wêze.”
It keallet bûtenwenstich swier by guon meiwurkers: ‘yn ‘e 19de IUW’ dus … Is dat sa’n poepetoer?
Achte Merker,
Guon meiwurkers hawwe in útsprutsen foarkar foar de stavering fan 1980, wylst oaren leaver dy fan 2015 brûke. It Nijs lit harren dêr frij yn.
Jo ideeën dêroer binne ús no dúdlik. Wy fersykje jo freonlik om de reaksjemooglikheid op ús webstee net langer te brûken om dy ûnder ús oandacht te bringen.
Ik kin lykwols de argewaasje fan Merker wol begripe. It is neffens my hielendal net winsklik, dat der hjirre twa staveringen brûkt wurde, en dan ek noch net iens njonkeninoar mar trochinoar. Kin ús lytse, bedrige taaltsje him dat feroarloovje? Is it ús ynmoed of bliuwt it boarterij mei de emansipaasje fan ús?
…ús taal? Woe’k sizze.
Betizing is in logysk gefolch as jo in nije stavering yntrodusearje dy’t jo net ôftwinge kinne. Dat is krekt reden om soks mar net te dwaan, tinkt my. Dat der no twa staveringen hantearre wurde is in feit: in protte websiden brûke noch hieltyd de eardere skriuwwizen. Begryplik: it is in bealch fol wurk om âldere webteksten oan te passen. En wat is de winst? De staveringsferskillen dy’t hjir opmurken wurde, binne ommers in akademyske kwestje ferlike by it Frysk dat men op de sosjale media lêst.
Alles feroaret, wy ek. Mar soks jildt fansels net foar Friezen, dat binne en bliuwe hurdkoppen. Ik hoopje dan ek dat O.P. Merker syn kop derfoar hâldt. Ommers salang’t men binnen de redaksje de hurdkoppen de ‘âlde stavering’ tastiet, kin dyselde redaksje Merker net ferbiede hjir syn kantekeningen te meitsjen. Wol bin ik der nijsgjirrich nei wa’t efter dy skûlnamme sit.
Dan noch efkes wat oer de arguminten/miening dy’t Nanne hjir jout. Dat der no in nije stavering is, is in feit. Dat de redaksje hjir – en dan giet it om de artikels – twa staveringen hantearret, leit oan de hurde koppen dy’t ik hjir boppe al beskreaun haw. En de ferliking mei sosjale media is fansels hiel goedkeap. Op dy media komme de measten krekt oer de drompel fan it Frysk skriuwen en fan in redaksje meie jo mear ferwachtsje.
Wat my oanbelanget hie dy hiele staveringsoanpassing net hoecht. Mar it giet hjir oer it oanpassingsfermogen fan de redaksje.
Alles feroaret, guon net….
De Friezen binne gjin útsûndering, Jousma. Foar de Nederlânske taal kaam der in grien én in wyt boekje. Yn Dútslân is wakker redendield oer de staveringsoanpassing fan 1998 (ûnder oaren wat it brûken fan de ringel-s oanbelanget) dy’t troch twa dielsteaten en de measte Dútske media fersmiten waard. Yn Frankryk is it net oars: sjoch https://www.itnijs.frl/2016/02/117314/.
It ‘business model’ fan ItNijs is foar in grut part basearre op de wurkwille fan de meiwurkers. We kinne it ús no ien kear net feroarloovje dy te bedjerren mei regeljouwing dy’t harren net noasket. En konsekwint krije we it nea want we ha de frou/man-krêft net om de stavering fan alle eardere berjochten, dy’t beskikber bliuwe, te behoffenjen. En as we dy kapasiteit al hienen, soe it net effisjint wêze om te dwaan om’t dy âlde berjochten fansels folle minder lêzen wurde (oars as bygelyks by de Wikipedy).
Opmerkings binne tige wolkom. Leaver ynhâldlike, mar oer de stavering mei ek. Allinnich it is net nedich algeduerigen itselde op te merken.
Jo soene as redaksje fan in beskate datum ôf begjinne kinne. De staveringshifker is mar twa-trije klikken fier.