Lofterhelte fan it brein past op ús as wy sliepe

april 29, 2016 07:00 Fernijd

Wa’t yn in hotel sliept of by in oar útfanhûs is, sliept gauris min. Japanske ûndersikers hawwe dêr in mooglike ferklearring foar fûn. Neffens Masako Tamaki en syn kollega’s bliuwt de lofterharsenhelte nammentlik op in frjemd plak in bytsje wekker. Hy past dan op ús en as der gefaar driget, makket er it hiele lichem wekker.

De ûndersikerse hawwe fan 35 proefpersoanen harsenscans makke, wylst se yn in hotel slepten. It die bliken dat de lofterhelte fan it brein yn de earste nacht warberder is as ornaris. De ekstra aktiviteit is net oan ‘e hiele lofterkant fan it brein te sjen, mar allinne yn in stik dat ek aktyf is as minsken deidreame. De rjochterhelte fan it brein docht yn in frjemd hotelbêd neat oars as oars.

De ûndersikers hawwe sjoen hoe’t de proefpersoanen reagearren op hiel lytse pypkes by it rjochterear, dat yn direkte ferbining stiet mei de lofterhelte fan it brein. Hja fernamen dy fuortendaliks, wylst pypkes by it lofterear (dy’t nei de rjochterharsenhelte ta geane) de sliep net fersteurden.

Nei de earste nacht waard it brein minder wach. Dat wiist derop dat de lofterharsenhelte allinne ûnder ûngewoane omstannichheden oppast en yn bekende en feilige situaasjes ek yn ‘e sliep falt.

In ferslach fan it ûndersyk is ferskynd yn it tydskrift Current Biology. Klik hjir foar in gearfetting.

april 29, 2016 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.