Krasse Kanadezen – santich jier befrijing

april 28, 2016 14:21

Achttjin Kanadeeske feteranen op hege jierren fierden ferline jier maaie mei de Friezen de betinking fan santich jier befrijing. De measten keazen der doedestiids frijwillich foar om yn Europa mei te striden. Oan Kanadeeske kant foelen goed 42.000 slachtoffers, wêrfan 5.706 yn Nederlân. Wat hat dy jonge manlju doe beweegd?

Nederlân tanket syn frijheid oan de ynset fan dy Kanadeeske manlju. Noch ien kear waarden se op 5 maaie feestlik rûnriden en tajûchheid yn orizjinele legerjeeps. Op it Kanadeeske begraafplak yn Holten stiene se stil by harren kammeraten dy’t de oarloch net oerlibben. Ymposant, hoe’t se dêr harren respekt betsjûgje oan de sneuvele lânslju. Anton Kulchin (91), in Russyske Kanadees, seit: “I loved my military training, but I hate war.”

Dochs prate de manlju net graach, sa liket it, oer de deaden en de striid dy’t santich jier efter harren leit. Leaver hawwe se it oer de lytse ferhalen fan hoop. Oer in frou yn Harns dy’t harren as soannen yn ’e hûs naam, oer in skuorre yn Easterbierrum dêr’t se slepten en oer in famke dat se thúsbringe woene. De Friezen gripe de kâns mei beide hannen oan om dy ferhalen noch ien kear mei de manlju te dielen en harren tank te sizzen.

It is te sjen yn Fryslân DOK: ‘Krasse Kanadezen – 70 jier befrijing’ op snein 8 maaie fan 17.00 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje. Ek te sjen op sneon 7 maaie om 15.30 oere en snein 8 maaie om 12.55 oere op NPO 2.

april 28, 2016 14:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.