Jongfriezen presintearje plan Mediastêd Ljouwert

april 19, 2016 23:51 Fernijd

It bestjoer fan de Jongfryske Mienskip hat in brief stjoerd nei it kolleezje fan Deputearre Steaten en oan de fraksjes fan Provinsjale Steaten. Wy wolle dat it kluster Noard, dêr’t Omrop Fryslân fan 1 jannewaris 2017 ôf yn ûnderbrocht wurdt, yn Ljouwert fêstige wurdt.

Der komt no in nije organisaasje foar it noardlike kluster en dat kin neffens ús allinnich mar yn Ljouwert wêze. Allinnich sa kin der rjocht dien wurde oan de posysje fan it Frysk en dat fan de Friezen as erkend folk. Boppedat wienen it Stellingwarfs en Bilts altyd feilich by de Omrop. Grinslân en Drinte kinne der wat dat oanbelanget gerêst op wêze dat harren eigenheid yn Ljouwert feilich is.

Omrop Fryslân auto'sOp grûn fan de neikommende arguminten soe allinne yn Ljouwert de takomstige stjoerder op syn plak wêze:

  • Yn it foarste plak omdat de Friezen in erkende nasjonale minderheid binne. In stjoerder fan in erkende nasjonale minderheid kin net fan ‘frjemde grûn’ ôf stjoere. Dan soe de publike omrop fan ‘Nederland 1-2-3’ krekt likegoed út Dútslân wei stjoere kinne.
  • Dêrby is it Frysk de twadde rykstaal, it Frysk heart by – en yn – Fryslân. Yn Fryslân is in grut ferskaat oan dialekten en aksinten dy’t by de Omrop alle romte krigen. Omrop Fryslân hat him ek altyd posityf hâlden tsjinoer oare taalfarianten lykas it Stellingwarfs en it Bilts. Dêrtroch binne ek de talen en dialekten út Grinslân en Drinte by in nije Omrop-stjoerder yn Ljouwert yn feilige hannen.
  • Mei de Ljouwerter Krante en it Friesch Dagblad wurdt der al in protte dien op it mêd fan media yn ús haadstêd. It grutste part fan de oandielhâlders fan de NDC Mediagroep is Frysk. Ljouwert soe, troch it behâld fan de takomstige regiostjoerder, de mediastêd fan de trije noardlike provinsjes wurde.
  • De Friezen wolle fia de Provinsje in grutte jildbydrage takenne oan Omrop Fryslân.

Oarsom binne der al resinte foarbylden dat troch opskaling fan organisaasjes nei bûten de provinsje it behâld fan de Fryske eigenheid (taal en kultuer) net by oaren yn feilige hannen binne:

  • De opskaling fan de polysje late ta in soad (taal)argewaasje fan ús ynwenners,
  • It ferbieden fan de Fryske taal by de telefonisten fan de Belestingstsjinst en it UWV,
  • Strideraasje oer it brûken fan it Frysk yn ’e rjochtbank,
  • It âldste suvelmerk fan Nederlân, “Friesche vlag”, waard troch kommersjele opskaling oan de kant skood troch Friesland Campina.

Wy binne ta de brief kaam tidens ús bestjoersgearkomste fan 8 april, om’t wy soarch hawwe oer de ûntwikkelingen op it mêd fan behâld kulturele en regionale eigenheid yn it takomstige kluster Noard.

It bestjoer fan de Jongfryske Mienskip

Lês hjir it folsleine brief fan de Jongfriezen oan de provinsje: Brief JfM soarch oer lokaasje regionale stjoerder

april 19, 2016 23:51 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.