Iepen Joadske Huzen yn Ljouwert

april 28, 2016 13:40

Tusken 30 april en 5 maaie 2016 organisearret it Joadsk Kultureel Kertier yn gearwurking mei lokale organisaasjes en belutsen partikulieren Iepen Joadske Huzen yn in grut oantal stêden yn Nederlân. Yn Ljouwert is ek in rûte gearstald. Iepen Joadske Huzen is in programma fan lytsskalige byienkomsten fan te binnen bringen en betinken. It joadske libben fan foar, wilens en flak nei de oarloch yn dizze huzen stiet sintraal. Op mear as hûndert lokaasjes yn sechstjin Nederlânske stêden komt de skiednis ta libben.

Direkte tsjûgen, famylje en kenners komme mei persoanlike ferhalen oer ferfolging, ferset en befrijding, oan de hân fan foto’s, films, deiboekfragminten, gedichten, literatuer en muzyk. Elkenien is wolkom om te harkjen, mei te praten en te betinken. Utgongspunt foar Iepen Joadske Huzen binne de adressen en húshâldings dy’t neamd steane op de webside Joadsk Monumint; in monumint op ynternet om it oantinken libben te hâlden oan alle joaden yn Nederlân dy’t wilens de Sjoa (Holocaust) fermoarde binne.

De wurkgroep Iepen Joadske Huzen Ljouwert bestiet út fertsjintwurdigers fan Frysk Fersetsmuseum, Tûmba, Tresoar, Aed Levwerd, wurkgroep Speelmankwartier en it Historysk Sintrum Ljouwert (HCL). Iepen Joadske Huzen Ljouwert wurdt mei stipe troch tal fan frijwilligers. Ek mei tank oan alle lokaasjes, sprekkers en oaren.

april 28, 2016 13:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.