As de ljip ús lȃn ferlitte moat

april 15, 2016 07:18

Ofskied nimme falt faak neat tefolle ta
En sille de measten dan ek muoite mei ha
Mar wy kinne net mear oars
Want in Hollanner boarret ús it aaisykjen troch de noas
Syn namme neame hat gjin inkelde sin
Omdat eltse aaisiker him wol kin.

In hiel ȃlde tradysje hawwe wy ús ȏfnimme litten
Troch ȗndeskundigen dy’t miene it better te witten
Se kinne better yn Frankryk de jacht oan pakke
Want der wurde in soad fȗgels samar dea makke
Mar ek troch de ruilferkaveling yn it ferline
Koe de boer gjin oare útwei fine.

De lytse boer moast út it fjild ferdwine en dat die tige sear
Grutte boeren mei mear kij kamen hieltyd mear
Landerijen waarden grutter makke sȗnder greppels en flugger groeiend gers deryn
En wêryn’t ik no gjin inkelde blom mear fyn
de ljip hat ús altyd west ta freon
Mar is troch it nijmoadrige buorkjen út ús lȃnskip ferdreaun
As ljip haw ik hjir in protte yn it lȃn omslein
En altiid mei nocht myn aaien lein.

Troch de aaisiker waarden ús earste aaien socht
Sadat ik hjirnei wer fjouwer aaien lizze mocht
Yn it begjin de aaien lizze litte hie gjin inkelde sin
Omdat nimmen de aaien foar de grutte masines rȇde kin
De boer moat te faak it lȃn noch efkes yn
En makket sȗnder syn skuld in protte aaien fyn

De boeren moatte jarje, hjoed-de-dei mei de sleepslang oer it lȃn
En dan geane grif alle aaien deroan
Mar as it lȃnwurk is efter de rȇch
Komme wy fuortdaliks wer oan de lȇch
En genietsje fan de rȇst
Ek de neisoarger docht dan ek tige syn bȇst
It wetterpeil is foar ús as greidefȗgels einliks te leech
En makket oerlibjen dan ek tige dreech

Wy as greidefȗgels bliuwe wol bestean
Mar sille nei in oar plak ta gean
Wy fine it dan ek tige min
As hjir net mear nei ús aaien socht wurde kin
Wy hawwe hjir jierren oanien yn grutte oantallen wȇze mocht
En net te ferjitten mei in protte nocht
Tȗzenen aaien binne út it lȃn weihelle
En der waard ek noch jild foar betelle

It is wier en net sa mar efkes betocht
Op myn sechtsjende jier haw ik in nije fyts fan myn ljipaaisinten kocht
Oant njoggentjin april namen wy de ljipaaien mei
Want dat wie de lȇste aaisikersdei
Mei triennen yn de eagen moatte wy Fryslȃn aanst ferlitte
Mar sille de aaisikers as freonen nea ferjitte
Hooplik wurdt der aanst wat yn it fjild feroare
En kin de aaisiker yn de takomst op ʼe nij wer skoare

Wy as greidefȗgels passe ús dan graach wer oan
Hooplik hȃlde wy it aaisykjen dan noch folle jierren yn stȃn
En as dizze Fryske tradysje noch lang bliuwt bestean
Dan sil ek de jeugd it fjild wer yngean
Noch efkes weromsjen nei it ferline
Doe koe eltsenien wol ljipaaien fine
Mar ek fan de strȃnljip, skries, hoants, snip, ljurk en tsjirk leine ferskate nȇsten fol
Meinimme fan dizze aaien mocht net, mar it barde wol

It is mei gjin pin te beskriuwen wat der bard is yn de lȇste fyftich jier
Ik krij der triennen fan en sit mei de hannen yn it hier
De greidefȗgels geane fuort en litte ús hjir sitte
Mar wy sille dy moaie tiid nea wer ferjitte
Dat alles is hjir bard en falt net werom te draaien
En sa bliuwe wy hjir sitten, mar dan wol sȗnder aaien

Skreaun troch de aaisiker en de ljip – SLvdB
Febrewaris 2016

april 15, 2016 07:18
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Johannes april 18, 15:02

    No komt de Ljip wis werom as it dit dicht heard.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.