Arsjitekt Nynke-Rixt Jukema: “Komt it wol goed mei it Fryske lânskip?”

april 20, 2016 00:05

Soms leit se der suver wekker fan. Want komt it wol goed mei it Fryske lânskip en de natuer? Wynmoleparken, kij dy’t net mear bûten rinne, greidefûgels dy’t fuort bliuwe en nachtbisten dy’t útstjerre: it wurdt der net better op. Mar mei har ûntwerpen en mei it projekt Feel the Night besiket arsjitekt Nynke-Rixt Jukema it tij te kearen.

Jukema’s wurkplak yn de Ljouwerter Blokhúspoarte eaget rom en ljocht. In heech plafond, grutte ramen en yn ’e midden in wurktafel fan fêst wol fiif meter lang. Grutte iepen kasten steane fol mei boeken en ûntwerpen fan alderhande bouwurken. Sa is der bygelyks in makette fan it nije busstasjon foar Drachten: in strak geboutsje mei in soad bamboe deryn ferwurke. It is ien fan de acht projekten dêr’t Jukema op dit stuit oan wurket. Dat docht se tegearre mei ynterieurarsjitekt Sytske Hoogterp. Oare projekten dêr’t de froulju oan wurkje binne bygelyks in kwelderskuorre foar de Westpolder yn Grinslân en in fûgelobservaasjestasjon yn Mauritanië, in projekt fan fûgelûndersiker Theunis Piersma.

Grutsk

Jukema (1979) hat it romme wurkplak en de rêst en stilte dy’t yn de âld-finzenis hearskje nedich. “Oars wurd ik gek. Hjir kin ik myn gedachten oarderje. Ik bin altiten drok yn ’e kop, de holle sit fol ideeën en gedachten oer hoe’t ik dingen oanpakke sil.” Se sit al wer acht jier yn it monumintale gebou, wie de earste hierder.

Net allinnich as arsjitekt, ek as direkteur fan de Stichting Feel the Night, ien fan de programma’s fan Kulturele Haadstêd 2018, hat Jukema in soad by de ein. Se fertelt mei oertsjûging oer wat har dwaande hâldt. Want se hat in missy, wol de minsken sjen litte hoe moai oft it lânskip is en hoe bysûnder oft de nachten yn Fryslân binne, wol dat de minsken fan it lânskip hâlde en der grutsk op binne. “Ommers, pas ast fan it lânskip hâldst, kinst der ek goed foar soargje.”

Nynke-Rixt-JukemaNynke-Rixt Jukema: “Pas ast fan it lânskip hâldst, kinst der ek goed foar soargje.”

Hallumer terpkes

Sels is Jukema ek grutsk op Fryslân. Nóch wol teminsten. “It lânskip feroaret hurd. Sa lykje stikken lân troch feroarings yn ’e lânbou tsjintwurdich mear op biljertlekkens. En der binne fûgels dy’t hjir gewoan gjin libben mear ha. Mar ek troch wynmûnen feroaret it bot om ús hinne. We moatte ús kulturele erfguod koesterje. It is belangryk om de kwaliteiten fan it lânskip safolle mooglik yn stân te hâlden en it bysûndere nei foaren te heljen.” As foarbyld neamt se de terpen by Winaam. “Dy kinne we folle mear op ’e kaart sette. Dat kin troch it doarp sa yn te rjochtsjen dat de terpen wer sichtber wurde en it doarp oantrekliker wurdt. Mar ek de Hallumer terpkes fan de bakker yn Hallum fêstigje de oandacht op de terpen. As we grutsk binne op ús provinsje, dan sjogge we ek yn dat wynmûnen hjir op ’e flakte net passe en dat we ophâlde moatte mei gas- en sâltwinning.”

“Arsjitektuer kin in middel wêze om minsken sjen te litten hoe moai oft it lânskip is en dat it belangryk is om dêr sunich mei om te gean. Troch bouwurken kin in gebiet mear oantrekkingskrêft krije foar minsken. Sa kinst mear bewustwêzen kreëarje. Mar it leafst bou ik neat. Ik hâld fan leechte.” Jukema soe oan it lânskip in bepaalde wearde jaan wolle. “Dy kinne we dan ôfsette tsjin bygelyks wynmûnen en sâltwinning. De provinsje Fryslân sjocht no faak foaral nei de ekonomyske wearde fan it lânskip; de emosjonele wearde kriget te min oandacht.” Se fynt dat it tiid wurdt dat de provinsje wat dat oangiet in fyzje formulearret.

Stjerrehúske

It projekt Feel the Night, in idee fan Jukema, wol minsken wize op it bysûndere fan de nacht. “Wy wolle sjen litte hoe moai oft de stjerrehimel is en minsken ûnderfine litte datst folle mear rûkst, hearst en fielst as it tsjuster is. Minsken wite faak ek net hoe belangryk it is dat it nachts tsjuster is. In dei-en-nachtritme soarget derfoar dat minsken mear yn balâns binne en it foarkomt dat we lêst krije fan in burn-out. Ik bin fansels gjin dokter, mar ik bin derfan oertsjûge dat it sa wurket. Foar bisten en nachtbloeiers is de nacht ek belangryk. Witst wol dat 65% fan alle bistesoarten nachtbisten binne? Guon soarten nachtflinters stjerre al út troch ljochtfersmoarging.”

Feel the Night besiket om bewustwêzen by de minsken te kreëarjen troch bygelyks lêzingen en kuiertochten by jûntiid. It plan is om yn 2018 sa’n 75 nachten mei kulturele eveneminten te organisearjen yn de Alde Feanen. “We wolle de minsken de nacht ek belibje litte troch û.o. by de Waadkust del stjerrehúskes te pleatsen, mei foarsjennings as in w.c. Boppe-op de húskes kinne minsken de stjerrehimmel bewûnderje. Swarte Hoanne (Jukema’s berteplak, red.) en Wierum binne in pear fan de plakken dêr’t sa’n stjerrehúske komt. It is hiel bysûnder dat we yn Fryslân noch stjerren sjogge; yn Súd-Hollân slagget dat troch ljochtfersmoarging al hast net mear. Der binne bern dy’t noch nea in stjerrehimmel sjoen hawwe om’t it te ljocht is. Dat moatte we yn Fryslân sjen foar te kommen.” Oan Jukema sil it net lizze.

Foto: Heleen Haijtema

Dit is in foarpublikaasje út de nijste jefte fan it blêd Swingel, dy’t meikoarten ferskynt. Besjoch hjir it foarrige nûmer (in special oer ItNijs.frl).

april 20, 2016 00:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.