Gjin subsydzje mear foar de Kornyske taal

april 24, 2016 15:00

Taalbewegers yn Cornwall wisten net wat se hearden. It Britske regear hat tongersdei nammentlik buorkundich makke dat it tenei gjin jild mear útjout foar it behâld fan ’e Kornyske taal. 

Neffens in wurdfierder fan it ministearje foar regionaal bestjoer is dat in taak fan lytsere oerheden. Hy wiist derop dat Cornwall de kommende fjouwer jier 1,7 miljard pûn (2,2 miljard euro) kriget en seit: “Gemeenterieden moatte sels útmeitsje wat harren prioriteiten binne en de tsjinsten biede dêr’t de minsken yn de gemeenten ferlet fan hawwe.”

Utstoarne taal

Yn 2003 waard it Kornysk erkend as offisjele minderheidstaal yn it Feriene Keninkryk. Sûnt dy tiid kriget de oerheid fan Cornwall alle jierren 150 tûzen pûn (192 tûzen euro) foar it behâld fan it Kornysk. De oarspronklike taal fan Cornwall heart by de Keltyske taalfamylje, lykas it Welsk fan Wales en it Bretonsk fan Bretagne. It Kornysk is om 1800 hinne útstoarn, mar om’t der wol in sterke regionale identiteit is, hawwe taalbewegers sûnt dy tiid besocht om de taal wer nij libben yn te blazen. Op it stuit binne der sa’n 300 minsken dy’t maklik Kornysk prate en noch in pear hûndert dy’t de taal in bytsje leard hawwe. Twa skoallen yn Cornwall biede it Kornsyk as karfak oan en guon ferkearsbuorden binne twatalich Kornysk-Ingelsk.

Toerisme

De protesten tsjin it ynlûken fan ’e subsydzje komme net allinne fan taalbewegers, mar ek fan toeristyske organisaasjes. Malcolm Bell fan it bedriuw Visit Cornwall wiist derop dat in protte toeristen spesjaal komme foar de bysûndere taal fan it gebiet en seit: “De Kornyske taal is in essinsjeel part fan it merk Cornwall.’ Hy is bang dat it ynlûken fan ’e subsydzje banen yn ’e toeristyske sektor kostje sil.

april 24, 2016 15:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. eric oktober 4, 12:09

    200.000 yn it jier foar it behâld fan in taal – in bankier lûkt der syn bonusnoas foar op

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.