Wurdsjewrotte mei ‘risselwaasje’

maart 10, 2016 13:22

PinneWa ken it wurd ‘risselwaasje’ noch? De kommende dagen litte wy ús lêzers wrotte mei dat wurdsje. De útdaging is om in sin te meitsjen dy’t de betsjutting fan it wurd dúdlik makket. Wa’t de moaiste, kreatyfste of nijsgjirrichste sin betinkt mei dat wurd, kriget in aardich pryske.

De sinnen kinne opstjoerd wurde nei ynfo@itnijs.frl. Set jo postadres yn it mailtsje, dan witte wy wêr’t it pryske foar de winner hinne moat.

Ynstjoere is mooglik oant en mei nije wike tiisdei (15 maaie).

As ynspiraasje hjirby nochris de winnende sin fan it foarige potsje wurdsjewrotten. Ynstjoerster Hilda hat doe de moaiste sin makke mei ‘tsjemzje’: “De beammen tsjemzje it ljocht fan de sinne.”

maart 10, 2016 13:22
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Memmeminske maart 14, 12:00

    Ik sil es risselwaasje meitsje…

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.