Weropbou Frjentsjerter poarten

maart 4, 2016 07:16

Frjentsjer stiet bekend as ien fan de moaiste stêden fan Fryslân. Mei it Planetarium en it fraaie histoaryske sintrum hat de stêd goud yn hannen. It is dan ek gjin wûnder dat Frjentsjer folop ynset op it toerisme, bygelyks troch de de grêften foar de wettersport te ûntsluten yn it ramt fan it projekt Franeker Waddenpoort. Mar der is noch folle mear mooglik. Sa is lêsten in moasje fan de FNP yn de gemeenteried oannommen om it mooglik te meitsjen de toer fan de Martinitsjerke te beklimmen. De FNP hat mear útstellen yn syn program stean om toeristen te ferlieden nei Frjentsjer te kommen. Ien dêrfan is it wer opbouwen fan histoaryske poarten op it bolwurk. Spitigernôch binne alle poarten dy’t earder op it bolwurk stiene, ôfbrutsen. In grutte blunder fan eardere stedsbestjoeren. Wat soe de stêd opkreazje as de eardere poarten wer yn folle gloarje ferrize soene! Dêrfoar is it net te let. In organisaasje as de Vrienden van de Stad Franeker stelt al út om guon poarten wer op te bouwen.

De FNP hat it wer opbouwen fan Wetterpoarte Ljouwerter Piip yn syn ferkiezingsprogram stean. It wer opbouwen fan de Doanjumerpoarte is ek hiel oantreklik. Dy hat as bonus dat er oan de Alvestêderûte stiet. Syn kontoeren hawwe okkerjiers noch op it bolwurk pronke by it jubileum fan de Agraryske Dagen. Mocht der ea wer in Alvestêdetocht komme, dan soe it hiele lân him oan dy poarte fergapje kinne. Koartlyn binne dêr de fûneminten fan weromfûn; in ekstra reden om him wer op te bouwen.

Wetterpoarte Ljouwerter Piip Buiskool (oan de eastkant) soe mei syn karakteristike sipeltoer in ikoan fan Frjentsjer wurde kinne. Dy toer hat as bonus dat er de kuierrûte fan it nije winkelsintrum oan de Ljouwerterwei nei de Martinitsjerke opkreazje soe, leafst yn kombinaasje mei it restaurearje fan de eardere grêft yn ’e Ljouwerterein. Utsoarte soe earst in koste-bate-analyze útfierd wurde moatte om de libbensfetberens fan dit plan te bepalen. Mar jild mei gjin probleem wêze sjoen de fûnsen dy’t beskikber binne fanwegen Waddenpoort, KH2018 (Wethâlder De Pee hat lêsten €120.000 útsteld). As der jild is foar in fontein yn alle Fryske stêden, moat der ek jild wêze om in stik histoarje wer libje te litten.

Koartsein, as de beide poarten wer opboud wêze soene, soe Frjentsjer pas echt de kulturele stjer fan de alve stêden wêze!

Jehannes Elzinga, Frjentsjer
(skriuwer FNP Frjentsjerteradiel)

maart 4, 2016 07:16
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. Johannes maart 5, 11:28

    In hiel goed ynisjatyf om dizze prachtige poarten werom te krijen, foar de wat fertuteaze en yn ‘e nederklits geane stêd. As der jild is foar 2 skilderijen fan Rembrandt, dan is er wis wol sinten foar 2 poarten yn Frjentsjer. De universiteit fan Fryslân soe eins ek yn Frjentsjer komme moatte ynstee fan Ljouwert. Dan begjint de stêd wer te libjen.

  2. Wopke maart 6, 00:20

    Ja , ‘n hiel goed idee, die poarten,
    en brek die rare tinte en die rare dingen by ‘t tsjúke lân
    mar wer ôf , die passe net by sa ‘n historyske stéd.

    tagelyk ‘n goed foarbyld foar Ljouwert !
    Dér binne se deabinauwd net modern genôg to wézen.

  3. Jehannes Elzinga maart 8, 15:16

    Ik bin it helendal iens mei Wopke.
    Der is in protte fernield yn Frjentsjer de lêste tsientalen jierren. Lykas do seist, byg. de rare yngongspoarten by it Sjûkelân. En dy mâle “tinte” op it Bredeplak is ek gjin gesicht.

  4. Johannes maart 9, 12:56

    Wat soe it nijsgjirrich wêze dat yn eltse Fryske stêd in poarte werom boud wurdt, y.p.f. in fontein by it barren fan KH2018.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.