Noard-Katalanen prate hast nea mear Katalaansk

maart 12, 2016 08:30

Mei it Katalaansk yn Frankryk giet it net goed. Yn it uterste súdeasten fan it lân wurdt fanâlds Katalaansk praat, deselde taal dy’t ek yn ‘e oanbuorjende Spaanske dielsteaten Kataloanië en Falensia yn gebrûk is. Wylst de taal dêr yn libben gebrûk is, wiist it oan ‘e noardkant fan ‘e grins min. 61% fan ‘e ynwenners fan it Frânske Noard-Kataloanië kin Katalaansk ferstean en 35% kin it prate, mar net mear as 6% praat de taal noch geregeld. Dat docht bliken út in ûndersyk dat de regionale oerheid útfiere litten hat.

Sa goed as alle Katalaanskpraters yn Noard-Kataloanië binne boppe de tritich. Bern wurde net mear yn ‘e taal fan ‘e regio grutbrocht. 39% kin de taal lêze en 14% kin him skriuwe. Dat is in foarútgong neffens it foarige ûndersyk fan 2004. Doe wiene dy persintaazjes 31% foar it lêzen en 11% foar it skriuwen.

maart 12, 2016 08:30
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Rob maart 12, 12:18

    Dochs is der in sterk Katalaanske identiteit. Hast oeral bûten Perignan sjochst Katalaanske flaggen en ôfbieldings fan ezels en ûlen (symboalen fan Kataloanje). Ik haw der sels poer tafallich in optreden meimakke fan in Katalaanske groep (la Carrau) wêr’t elkenien de lietkes meisjonge koe. Taal en identiteit binne net altyd itselde (sjoch nei Ierland).

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.