Nije fúzjekâns foar Achtkarspelen en Kollumerlân?

maart 16, 2016 18:50

De mearderheid fan de gemeenteried fan Dantumadiel is tsjin in fúzje mei Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân. Dat betsjut dat der in nije kâns is foar de gemeenteried fan Achtkarspelen om op ’e nij nei te tinken oer in fúzje mei Kollumerlân yn pleats fan mei gemeente Tytjerksteradiel. Mei Tytjerksteradiel wurdt al in tal jierren amtlik gearwurke.

De doetiidske boargemaster Tjeerd van der Zwan fan Achtkarspelen (no boargemaster fan It Hearrenfean) wist de ried op oare gedachten te bringen, doe’t de gemeenteried fan Achtkarspelen fan doel wie om mei Kollumerlân C.A. te fusearjen. In stikmannich gemeente-auto’s wiene al beplakt mei it logo (waaiende beammen) fan Achtkarspelen en it wapen fan Kollûmerlân C.A. Op 18 desimber 2015 skreau ik dêr in stik oer op IT NIJS. Dat einige mei de foarsizzing dat de gemeenteried fan Achtkarspelen, dy’t de triuw jaan moast, neat fan him hearre litte soe. Ik krige gelyk.

De Achtkarspeler gemeenteried tinkt – it is oars net bepraat mei de mienskip –  dat in fúzje mei Tytjerksteradiel it bêste is. Amtlik wurdt al gearwurke mei dizze gemeente. Mar eins past dy fúzje net. De gemeente Tytjerksteradiel kin folle better oanheakje by Smellingerlân. De oanlis fan de Sintrale As lit dat dúdlik sjen. Of by Ljouwert.

Troch de hâlding fan de mearderheid fan de gemeente Dantumadiel kriget de gemeenteried fan Achtkarspelen in nije kâns om nochris nei syn fúzjeposysje te sjen. Fan de FNP is bekend dat dy it leafst net fusearje, mar selsstannich bliuwe wol. Dat kin. De Provinsje kin gjin fúzje oplizze en it Regear ek net. De opfetting oer wol of net fusearje fan de oare partijen is ûnbekend. Dy stelle harren ‘pragmatysk’ op. Dat is in oar wurd foar gjin miening of gjin oardiel hawwe.

Ik bin benijd oft de gemeenterieden fan Achtkarspelen en Kollumerlân, krekt as earder it gefal wie, op ’e nij om ’e tafel sitten geane om dizze fúzjekâns oan te pakken. Achtkarspelen moat dan wol troch de knibbels, want dy gemeente hat, doe’t Van der Zwan boargemaster waard, brutsen mei Kollûmerlân. Ik bin ek benijd nei de aksje fan boargemaster Gerbrandy – dy ’t, as it dreech wurdt, blanko stimt – en fan boargemaster Bilker fan Kollûmerlân. Of skôwe se dizze kâns fier fan harren ôf? Ik bin der wis fan!

Frâns Kuipers, It Surhústerfean

maart 16, 2016 18:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.