Net allinne de Belestingtsjinst, mar ek it UWV

maart 19, 2016 07:44
Ik sit al in skoftke yn de WW en sadwaande hie ik hjoed tillefoanysk kontakt mei it UWV yn Grins. Sûnt in moanne sit ik yn de Syktewet by it UWV en dêrom skillen hja my.
Ik naam op en fuortdaliks wie dúdlik dat ik in Fries wie en wat die bliken, it frommiske oan de oare kant ek. Op myn opmerking dat wy dan ek wol Frysk prate koene, wie har reaksje dat hja fansels wol Frysk prate koe, mar dat hja dat fan de hege hearen fan it UWV net dwaan mocht. Ik ha doe fuortdaliks sein dat ik Frysk praten bliuwe soe. Dat haw ik dien, wylst de persoan oan de oare kant yn it Hollânsk har ferhaal die.
Ik fyn it in grutte skande dat in baas al binende ynstruksjes jaan kin yn hokker taal men in petear hâlde moat. Ik koe hearre dat de oare kant somstiden hast yn it Frysk begjinne soe.
It is dus net allinne de belestingtsjinst, mar ek it UWV.
Pyt Postma, Wommels
maart 19, 2016 07:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.