Ierske stêd Galway wurdt twatalich
Resint ferskynd
De West-Ierske stêd Galway wurdt offisjeel folslein twatalich. Dat hat it gemeentebestjoer okkerdeis besletten. De Ierske presidint Michael Higgins brocht ôfrûne wike in besite oan Galway om it nije twatalige belied yn te wijen.
Ierlân hat twa offisjele talen: Iersk en Ingelsk. It Iersk is allinne mar dominant yn in lytse minderheid fan plattelânsgemeenten, de saneamde Gaeltacht. De measte fan dy Gaeltacht-doarpen lizze yn it westen fan Ierlân. Yn it oergrutte part fan Ierlân slacht it Ingelsk foar master op.
Galway is foaral Ingelsktalich, mar op it plattelân om Galway hinne wurdt wol in soad Iersk praat. Ferline jier besleat it gemeentebestjoer fan Galway al om in spesjale nijbouwyk te bouwen foar Ierskpraters. De stêd sels wol it Iersk stypje troch twatalich te wurden. It Iersk en Ingelsk soene yn ‘e praktyk in lykweardige status krije moatte.
Presidint Higgins hold syn taspraak foar de gelegenheid yn it Iersk. Hy rôp de Ieren op om de oarspronklike taal fan harren lân mear te brûken. It doel is om it Iersk yn in perioade fan fjouwer jier op te wurdearjen ta in folweardige bestjoerstaal: yn 2019 moat it proses fierhinne klear wêze. It stedsbestjoer wol dat op termyn al syn ynwenners beide talen goed behearskje.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje