It ferskil tusken ‘elke’ en ‘eltse’

maart 12, 2016 07:00

Troch Henk Wolf

Wat is eins it ferskil tusken ‘elke’ en ‘eltse’? Dat frege ien fan ‘e wike op Facebook. It is wol in nijsgjirrige fraach, om’t begjinnende Fryskskriuwers der geregeld mei wrakselje. Lit my dermei begjinne dat der gjin betsjuttingsferskil is. De twa kinne frij ferruile wurde, sûnder dat de sin dêrtroch wat oars betsjut. Der is lykwols al in stilistysk ferskil: de wurden ha in oare gefoelswearde.

Gebrûk
‘Elke’ is hjoed de dei de iennichste fan ‘e twa foarmen dy’t yn ‘e sprektaal algemien yn gebrûk is. ‘Eltse’ is in wurd dat foaral foarkomt yn wat âlderwetske literêre taal. It komt yn ‘e 19e ieu op yn literêre teksten, mar yn ‘e 20e ieu wint ‘elk’ it ek yn ‘e skriuwtaal wer. Op it stuit is ‘elts’ foaral populêr by begjinnende Fryskskriuwers dy’t noch net safolle stylgefoel ha en by skriuwers dy’t graach distansjearje (wurden en útdrukkingen brûke dy’t sa min mooglik op Nederlânske foarmen lykje). ‘Elke’ is in folle neutraler wurd: it is mûnling en skriftlik yn hast alle situaasjes te brûken, sûnder dat it opfalt. Foar ‘elkenien’-‘eltsenien’ jildt itselde ferskil. Earder wie dat ek sa mei ‘elkoar’ en ‘eltsoar’, mar de lêstneamde foarm is in stille dea stoarn. Foar de skriuwtaal jildt trouwens noch de noarm dat ‘alle’ yn tiidsoantsjuttingen de foarkar hat boppe ‘elke’, dus leaver ‘alle dagen’ as ‘elke dei’

Skiednis
‘Elke’ is de âldste foarm fan de twa. De k-klank is eins altyd âlder as de ts-klank. Yn de midsieuwen kaam it om ‘e Noardsee hinne yn ‘e moade om de k-klank te ferfangen troch klanken dy’t wat mear foaroan yn ‘e mûle makke wurde, lykas -kj-, -tsj-, -ts-, -sj-, -tj- en -t-. De sprekkers fan it Frysk en Ingelsk ha yn dy tiid aardich opromming holden en in grut part fan ‘e âlde k-klanken út harren taal wurke. Blykber hienen Friezen en Ingelsken in soad kontakt en ha se dy feroaring faninoar oernaam. Dêrom ha dy talen no ‘tsjerke’ en ‘church’ (‘tsjurtsj’), wylst it Nederlânsk it âlde ‘kerk’ noch hat. Kinst moai sjen dat oan ‘e ein fan ‘e midsieuwen noch krekt in pear Fryske wurden meigongen binne yn dy feroaring, foardat er helendal ophold: sa sjochst yn ‘e lette midsieuwen noch ‘makia’ foar wat letter ‘meitsje’ wurdt. Yn dat gefal hat it Ingelske ‘make’ (‘meek’) de âlde foarm mei in -k- beholden. It omkearde kaam ek wol foar. Sa is it Ingelske ‘cheap’ (‘tsjiip’) fan oarsprong itselde wurd as it Fryske ‘(goed)keap’.

Konkurrinsje
By in lyts tal wurden ha de foarm mei -k- en dy mei -ts(j)- noch in heel skoft neistelkoar bestien. As sokke foarmen yn ‘e moderne tiid noch mei-elkoar konkurrearje moasten, hat de foarm mei de -ts- de striid yn ‘e measte gefallen ferlern. Sa hat de k-foarm it yn ‘e 20e ieu definityf wûn yn de pearen ‘melke-meltse’, ‘folk-folts(en)’, ‘kear(d)el-tsjirl’ en ‘lilk-lilts’. Yn in pear gefallen wie it oarsom en hat de ts(j)-foarm de oerhân krigen, bygelyks by ferlytsingsfoarmen lykas ‘ingelke-ingeltsje’ en yn ‘kjirmer-tsjirmer’. By it pear ‘kôkje-koaitsje’ is de striid noch net striden en by ferlytsingsfoarmen fan wurden op in lûd (‘klinker’) is it ferskil geografysk wurden: de Wâlden ha meast de -k- (‘autoke’) en de Klaai hat meast -tsj- (‘autootsje’).

maart 12, 2016 07:00
Skriuw in reaksje

6 opmerkingen

  1. Cor Jousma maart 15, 09:20

    Professor Henk,

    Alle kearen bin ik nijsgjirrich nei jo útlis. Wol fyn ik dat jo sa starichoan de nijste stavering brûke moatte. Jo skriuwe hjir as ‘master fan NHL’ en net as priveepersoan.

  2. Henk Wolf maart 16, 00:51

    Ick schrieuw al myn stickjes for De Moanne in It Nijs az priveepersoan, Cor.

  3. In Fries yn Sweden maart 16, 15:04

    Yntressant om dit te lêzen. Ik ha my faak ôfrege hoe’t dat krekt siet mei de klankferoaring. Ik ha fernaam dat dizze ferskowing yn it Sweedsk ek te sjen is. It opfallande is allinnich dat de Sweedske stavering faak de âlde foarm noch wol sjen lit, wylst de útspraak bot feroare is. Dit is neffens my ien fan de oarsaken dat it Sweedsk foar ús (Nederlanners) faak wol goed te begripen is wannear´t it lêzen wurdt, mar dreger is om te ferstean. Somtiden ha ik de gedachte dat Friezen it hjir mooglik in bytsje makliker hawwe.

    Yn it Sweedsk binne yn tsjinstelling ta it Frysk – sa’t ik begryp fanút dit artikel –, dúdlike regels foar hoe’t de stavering en de útspraak is. Der binne mei oare wurden net ferskate farianten foar ien en itselde wurd. (Fansels binne der wol dúdlike ferskillen yn de Sweedse dialekten.)

    Yn it Sweedsk meitsje nammentlik yn in soad gefallen de klinkers út hoe´t in wurd útsprutsen wurdt.

    Om in foarbyld te neamen: de wurden ”kyrka” (tsjerke), ”Kina” (Sina) en ”kyss” (tút) wurde útsprutsen as ”sjúrka”, ”sjína” en ”sjús”. De ”k” wurdt dus as ”sj” útsprutsen fanwege de klinker dy´t dernei komt.

    Yn it algemien is it sa dat de klinkers e, i, y, ä en ö der foar soargje dat in k as in sj-klank útsprutsen wurdt. Al dizze klinkers wurde foar yn de mûle makke en hawwe trouwens ek ynfloed op de c, g en de kombinaasjes sk en tj.

    Yn guon gefallen, lyk as by it wurd ”kyrka”, liket de stavering mear op it Hollânsk, wylst de útspraak mear oan it Frysk tinken docht.

    Hoe dan ek, hjir moast ik eefkes oan tinke doe’t ik it artikel fan Henk Wolf lies.

  4. Ytsje maart 16, 15:12

    Prachtich Henk, dy taalferhalen fan dy. Begryplik, helder en boeiend útlein. Dêr wurdt men wizer fan!

  5. Johannes maart 16, 18:30

    “In Fries yn Sweden”, tige nijsgjirrich jo útlis en fergelykjen tusken it Frysk en it Sweedsk. Och en Henk Wolf mei graach boartsje mei taal en minsken. Net dat ik altiten mei him iens bin, mar dit wie hiel aardich fan de prefester, hy hat foar leard en trochleard en it docht fertuten.

  6. jangerben juny 11, 17:32

    Wat is der mis mei om sa min mooglik op Hollansk lykjende wurden tebrûken ? Sa’t de heer Wolf wol, moat it Frysk hieltiten mear in dialekt wurde fan it Nederlânsk.
    Geweldich.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.