Wedstrydsje wurdsjewrotte mei ‘tsjemzje’

febrewaris 25, 2016 07:01

PinneKenne jo it wurd ‘tsjemzje’ noch? Ja? Meitsje der dan in moaie, grappige, kreätive sin mei, dan kinne jo in moai pryske winne.

Ut jo sin moat dúdlik wurde wat it wurd ‘tsjemzje’ betsjut. Jo meie ek in foarm fan it tiidwurd brûke, bygelyks ‘tsjemzet’ of ‘tsjemze’, as dat better past. De ynstjoeringen wurde beoardiele op dúdlikheid en orizjinaliteit. Foar de makker fan de bêste ynstjoering leit in Frysktalige dikekaart fan de trije Fryslannen klear.

Reagearje is mooglik oant en mei kommende snein 28 febrewaris. Dat kin nei ynfo@itnijs.frl. De winner wurdt oare wike op It Nijs bekendmakke.

febrewaris 25, 2016 07:01
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Arjen febrewaris 28, 11:39

    Hjertiids jitten de boeren de komolke troch de tjzemze die op de molkbus siet om de molke te filterjen.

  2. Hilda febrewaris 28, 18:11

    De beammen tsjemze it ljocht fan de sinne.
    Hy jit de molke troch de tsjems, dat hij sefet de molke, die krekt fan ‘e ko komt.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.