Tútsje is relatyf nij yn de skiednis

febrewaris 3, 2016 09:31

Guon uteringen fan affeksje binne tiidleas, mar tútsje heart dêr net by. Leafde uterje mei in tút is in frij resinte ûntwikkeling yn de skiednis fan de minske, sa docht bliken út Amerikaansk ûndersyk. Dit earste grutte ûndersyk nei it fenomeen lit sjen dat ‘romantysk-seksueel tútsje’ yn mar 46 prosint fan de 168 ûndersochte kultueren djip ferankere is. Midden-Easterske en Europeeske kultueren hawwe it tútsje omearme; besuden de Sahara en yn it Amazônegebiet wurdt net tute.

Haadûndersiker William Jankowiak stelt dat de opkomst fan tútsjen ferbân hâldt mei mear frije tijd yn maatskippijen dy’t út ferskillende sosjale lagen bestean: de elite begûn dermei, letter naam de boargerij it oer. Sok imitaasjegedrach is rûnom werom te finen yn de minsklike skiednis, seit Jankowiak. “De minsken lykje tútsjen noflik te finen op it momint dat se it ûntdekke.”

febrewaris 3, 2016 09:31
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Rob febrewaris 3, 19:40

    Ik jou ek de foarkar oan noas(j)e lykas de Maori’s Fielt better…..

  2. mbc84 febrewaris 3, 23:02

    allyksa nijsgjirrich, hoe komt it dat it Frysk ‘tútsje’ hat (NL: tuiten) en wêr is de wjergader fan ‘to kiss’, ‘kussen’, ‘küssen’, ‘kysse’ bedarre? Hoelang wurdt der al ‘tútsje’ sein? Henk Wolf faaks in idee?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.