Taalplysje of taalpsycholooch?

febrewaris 13, 2016 08:55

Resint ferskynd

Fan ’e wike hold de FNP in kaderkursus foar riedsleden en oare belangstellenden oer de situaasje fan it Frysk en de rol fan riedsleden dêrmei yn ferbân. De kaderkommisje hie dêr twa saakkundigen foar ynhierd: Harmen Akerboom fan de Provinsje en Fokke Jagersma fan de Afûk. De juridyske ôfspraken – fan it Hânfêst oant de Taalwet – en de ôfspraken fan Provinsje en Ryk waarden foar it skoft kreas op in rychje set. Nei it skoft koene der fragen steld wurde en barste de diskusje los. Guon fielden har foar it skoft al sa belutsen dat se harren hast net bedimje koene. Eins wol begryplik nei de wylde útspraken fan de FNP-foarsitter in pear wike lyn oer de takomst fan de FNP. In fyzje dy’t him troch de measte leden net yn tank ôfnommen is.

Nei it skoft wie dan dochs it wurd oan de seal: wat kinne Provinsje en gemeenterieden dwaan om it Frysk fuort te sterkjen? Al rillegau spitste de diskusje him ta op de tsjinstelling tusken de foarstanners fan de taalplysje en dy fan de taalpsycholooch. Guon woene hawwe, der soe stranger tasjoen wurde op it neikommen fan alle ôfspraken dy’t fêstlein binne yn de Taalwet en de konvenanten. As foarbyld waard neamd dat der okkerjiers ôfpraat wie dat 25% fan de stikken fan de Provinsje yn it Frysk steld wurdt. Dat is no noch mar in suterige 5%. Yn it ûnderwiis wurde de ambysjes ek lang net wiermakke. Wêr bliuwe de sanksjes, frege de groep fan foarstanners fan taalplysje him ôf en wêrom wurdt der net stranger hanthavene? Mei de taalbeliedsplannen eint it ek as in lús op ’e tartonne. Amtners dy’t in pear oerkes yn ’e wike hawwe om it taalbelied foarm te jaan wurde earder fuortbesunige as dat se der oeren by krije om har wurk goed dwaan te kinnen. De ôfspraken oer it Frysk wurde net serieus nommen en de amtlike stêven smite der mei de pet nei. Koartsein, der moatte hurde maatregels nommen wurde. De groep woe ha dat de FNP-fraksjes yn de steaten en de gemeenten mear har tosken sjen litte. Oerdrachtlik sein: der sil in taalplysje komme moatte.

Mar it grutste part fan de fjirtich oanwêzigen seagen net folle heil yn dy hurde oanpak. Hja binne fan betinken dat de konfrontaasje net socht wurde moat. Fansels moatte dy taalbeliedsplannen yn de gemeenten der op koarte termyn komme en it binne de steaten en rieden dy’t jierliks hifkje moatte wat der fan de plannen op ’e hispel komt. Strideraasje oer it Frysk leveret allinne mar ferliezers op, benammen foar it Frysk. Jo moatte it Frysk as FNP’er gewoan brûke, fûnen de beide oanwêzige wethâlders. Net begjinne mei de fraach oft elk it wol ferstiet: gewoan dwaan. As der dan wol immen freget oft it ek yn ’t Hollânsk kin, dan royaal sizze dat jo sa it út en troch wol efkes yn it Hollânsk gearfetsje sille. Nei tsien minuten kinne jo dan gewoan trochgean mei yn it Frysk te praten. Eins wiene de measten it dêr wol mei iens. In bytsje meibûge en tagelyk jo eintsje fêsthâlde. Mear taalpsycholooch wêze as taalplysje, soe de konklúzje wêze kinne.

It bliuwt dus ek yn ’e takomst as rinnen op aaien as it oer it Frysk giet. Alle taalwetten mei-inoar feroarje net yn ien klap de gebrûken dy’t yn de lêste hûnderten jierren ynsliten binne. Friezen binne wiis mei har taal, mar it is har ek altyd foarholden dat it ûnfatsoenlik is om Frysk te praten as der Hollânsktaligen yn ’e buert binne. Dat faak ta grut fertriet fan dy Hollânsktaligen, omdat se sa gjin kâns krije om it te learen. Wy soene al in ein opsketten wêze as Frysktaligen wat faker har eigen taal brûkten. In protte wolle dat wol mar se ferbrekke har dochs samar wer. Dan dochs de swipe deroer? Ik tink dat soks net helpt. It goede foarbyld en minsken bewust meitsje helpt mear. Yn Fryslân brûk ik hast allinnich mar Frysk, ek skriftlik. Se moasten op it korps der earst oan wenne dat se alles fan de skriuwer yn it Frysk krigen oant en mei de jierferslaggen. No binne der hiel wat dy’t sizze dat se ek graach Frysk skriuwe kinne woene, mar ja “wy ha it net leard en dêrom doar ik net.” Ik rop dan altyd “Skriuw mar sa’tst it seist. Mei de staveringshifker derby learst it fansels.” Nei al dy jierren binne der stadichoan guon dy’t it oandoare en stjoer in mailtsje yn it Frysk werom. Spitich is it dat der noch altyd frisiasten binne dy’t miene dat taal stavering is en daliks mei it reade potlead klear steane. Troch minsken drekst op ’e fingers te tikjen as se wat ferkeard sizze of skriuwe moedigje se nimmen oan om it Frysk te brûken. In taal slyt net fan it brûken mar troch him yn ’e kast lizze te litten. Ik moat tajaan dat ik ek wolris myn kop stjitten haw en foar drammer útmakke bin. Dat fielt foar josels net noflik en docht it Frysk mear kwea as goed. De distânsje tusken minsken wurdt der allinne mar grutter fan: hjitte holle en kâlde herten.

Der sit ek in etyske kant oan. Wy libje gelokkich yn in frij lân. Dat betsjut dat wy in oar net twinge kinne ta it brûken fan in taal. Elk is frij yn syn taalkar, mar dan moat ik ek de romte krije om myn taal te brûken. Alles dan mar gewoan gewurde litte? Nee, fansels net. Wy meie fan minsken dy’t har yn dizze provinsje deljouwe, freegje dat se it Frysk wol passyf behearskje. Dêr moatte se de mooglikheden wol ta krije. Troch de Frysktaligen dy’t it Frysk brûke en troch de oerheid dy’t kursussen fasilitearret en drompels sljochtet. De jonge ûnderfiningen mei it projekt ‘Fan ûnderen op’ fan de Ried fan de Fryske Beweging litte sjen dat der wier wol kânsen lizze (goeroepraat praat fansels). Yn de fjouwer doarpen dêr’t groepkes úteinset binne om mei de doarpsgenoaten it Frysk mear sichtber en brûkber te meitsjen, jout har entûsjasme moed foar de takomst. Mar dan moat dat wol stipe en fasilitearre wurde. Net-Frysktaligen binne der ek mei oer de streek te heljen. Der binne net folle dy’t neat mei it Frysk op hawwe. Der wurdt ek net mear op it Frysk delsjoen en de miening dat it jin yn jins ûntjouwing skea dwaan sil, is al lang by it jiskefet set. Troch alle juridyske betingsten dy’t beskrept binne, hawwe wy no in ikker dêr’t op fierder túnke wurde kin. Net mei it revolver op ’e sliep mar troch sjen te litten wat in rykdom it is om yn sa’n blommegreide fan talen libje te meien. En dêrom hawwe wy mear fan de psycholooch as fan de plysje te ferwachtsjen.

Sa mar wat tinzen nei in jûn kaderkursus fan de FNP.

Jabik van der Bij

febrewaris 13, 2016 08:55
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Abe de Vries febrewaris 13, 13:17

    Wer gjin wurd oer it ûnderwiis. Wer gjin wurd oer it behearskjen fan it Frysk as funksje-eask by oerheden yn Fryslân. De FNP is in kollaborateur yn de taalferneatiging; de foarsitter befêstige inkeld dy stân fan saken.

  2. bertus Jans Postma febrewaris 14, 12:47

    Yn De Grutte Wielen wie it fan suertsjes kontra drammers’ . De earsten mienden mar dat ús taal mei praten te rêden wêze soe. Dy keazen de aldermaklikste wei en bleaune sels sa bûten skot, it wiene de moedichsten nèt. Op har manear hiene wy noch gjin Burgum, Reduzum, Earnewâld, Easterein, Ginnum, Koarnjum, Broeksterwâld, Koarnjum, Berltsum….Wêr bliuwe Boalsert, Drylts, Hylpen, Offenwier,Wûns, … Oaren foaral yn ‘e mjitte komme en dat “litte sjen” -dêr’t niiskrekt beide eagen op foelen. Keardels: op ‘e tromme slaan, drumme en dramme. Tromslaande wethâlders hearre foarop te rinnen. Gjin suertsjes mar keardels.

  3. Bertus Jans Postma febrewaris 17, 16:46

    Ik moat de Vries noch efkes wol wat gelyk jaan. It hillige fjoer fan dóé liket nó dôve en dwêst te wêzen. Fryk-Nasjonaal is syn kriich ûntstoarn.Polityk en machtsbegear binne yn it plak fan wierheid en rjocht kommen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.