OZB nei de fúzje 100% omheech

febrewaris 22, 2016 17:52

As gemeenten fusearje wolle, dan wurde de boargers gouden bergen fersein. Grutte gemeenten is foar alles better: de gemeente kin syn taken better oan en it wurdt allegearre goedkeaper. Wa’t sa’n fúzjekâns lizze lit, is in dief fan syn eigen beurs. Spitigernôch wurdt  nei fúzjes nea of amper it net ophelle om te sjen wat der telâne kommen is fan dy himel op ierde. Wa’t de muoite nimt om de ûntjouwingen fan de OZB yn de nije gemeente Súdwest-Fryslân nochris nei te rinnen, kin net in oare konklúzje lûke: yn stee fan goedkeaper is de OZB 100% heger wurden. De grafyk hjirûnder sprekt dúdlike taal. Op 1 jannewaris 2011 waard de fúzje in feit en fuort gie de OZB mei 16% omheech. Yn de âlde gemeente Wymbritseradiel folge de OZB hiel foarsichtich it heger wurden fan de OZB-wearde. Yn 2011 sniene de beide lyntsjes inoar en rûn de OZB fier boppe de OZB-weardeline út. As der gjin trendbrek west hie en de âlde ûntjouwing ekstrapolearre wie, dan hie de OZB-line krekt boppe de 300 útkommen. De werklikheid is dat de OZB no yn SWF 100% heger is as hy wie foar de fúzje. Hoe sa, troch de fúzje wurdt alles goedkeaper? De OZB yn elk gefal net. (De blokjesline is de werklike tastân, dy mei de trijehoekjes de ekstrapolaasje as de trend fan Wymbrits trochset hie).

J.

febrewaris 22, 2016 17:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.