Mûsstille agraryske sektor makket greidefûgelpopulaasje fan aaien

febrewaris 1, 2016 12:15

Provinsje en Fûgelwachtersbûn hawwe harren aardich yn ’e sek naaie litten troch net tsjin te akseljen doe’t it juridyske gehakketak de kant út gie fan in ‘geunstige steat fan ynstânhâlding’ fan de ljippepopulaasje. Dreamden dy aaisykers en harren freonen dan dat de ljip der net op efterútbuorkje soe? Dat is dan no troch it stadich trochprosedearjen fan de antyjachtfanaten fan de Faunabescherming wol yn in nachtmerje beteard. Dat hja sitten ha te sliepen, docht wol bliken út it advys fan de lânsabbekaat dêr’t yn stiet dat dy stân fan ynstânhâlding net ta de saak docht as meinimmen fan aaien dêr gjin of in posityf effekt op ha soe. Wie der no in lânsabbekaat foar nedich om dat idee op it aljemint te bringen? Soks roppe de aaisykers ommers altyd al. Wêrom ha hja dat dan nea ris goed ûndersykje litten? Men kin jin ôffreegje út watfoar hoeke de Faunabescherming syn sinten eins kriget, want de aksjes fan dy lju liede allinnich mar ôf fan de werklike oarsaken fan de greidefûgeltebekgong. Yn it Sovon-rapport dat de ûnderbouwing foarme foar it net ferlienen fan tastimming om te aaisykjen, wurde de faktoaren dy’t beskiedend binne foar de takomst fan de ljip as briedfûgel yn Fryslan kreas op in rychje set. Wichtichste negative faktoaren binne klimaatferoaring, tanommen predaasje en as foarnaamste it yntinsivearjen fan de lânbou. Dat, dy earme stumpers fan aaisykers binne de lider, wylst de yntinsive lânbou de greidefûgelpopulaasje fan aaien makket.

GreideDe Provinsje seit graach yn oparbeidzjen mei de Fryske fûgelwachten berikke te wollen dat de ljippestân struktureel better wurdt. Wat in ôfwaaid praat! Wat dy partijen mei-inoar ek bepiele, de ljip sil der net better fan wurde. Mei de boere-organisaasje sil praat wurde moatte en mei de iterijsektor – yn it geredendiel oer de aaisikerij hâlde dy harren no mûsstil – of oars streekrjocht mei de konsumint. Der sil aardich oars buorke wurde moatte om de greidefûgels foar Fryslân te behâlden. Ut it Sovonrapport is ôf te lieden hoe’t mear piken oerlibje kinne. Benammen wieter lân en minder homogene gerzen dy’t wat stadiger waakse en dy’t ta kinne mei legere stikstofjeften sille fertuten dwaan.

Mar wachtsje ris efkes. Dat klinkt bekend.

Ut it okkerdeis ferskynde rapport oer de fjildmûzen docht bliken dat mei yn haadsaak dyselde maatregels mûzepleagen foar te kommen binne. Foar minder mûzen en mear ljippen is eins itselde nedich: in ekstensivere en mear ekologysk ferantwurde lânbou, dy’t in lânskip meibringt dêr’t toeristen op ôfkomme en dy’t moaie produkten út eigen omkriten fuortbringt dêr’t konsuminten justjes mear foar oer ha moatte soene.

Nanne

Klik hjir en hjirre foar de neamde rapporten.

febrewaris 1, 2016 12:15
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Johannes febrewaris 3, 12:44

    Lokkich dat mûzen foar wiet lân soargje. Eartiids hienen je minne boeren en strieminne boeren. No noch altiten. In inkele boer útsûndere. En bûtenlanners die ljippen deasjitte en opite. Tiden hawwe mûzen, ljippen tiden.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.