Kulturele kealslach

febrewaris 2, 2016 12:34 Fernijd

Mei niget haw ik de ôfrûne wike de rige artikels yn de Ljouwerter Krante lêzen oer de opkomst en de ûndergong fan it Frysk Orkest.

“Us Orkest” is it slachtoffer wurden fan it Heareakkoart tusken de kommissarissen Wiegel en Vonhoff, dêr’t it FO by ferswolge waard troch it NNO yn Grins. Unfoarstelber dat in orkest dat troch de Friezen mei dûbeltsjes en kwartsjes opboud wie, sa ferriederlik ôfbrutsen wurde koe troch twa Hollânske pommeranten sûnder inkelde ynspraak fan de Fryske befolking.

It FO mocht faaks gjin toporkest wêze, it wie dêr wol oan te tankjen dat nei de Twadde Wrâldoarloch de belangstelling foar de klassike muzyk yn Fryslân opbloeide. Hiele folksstammen dy’t dêr net mei opwoeksen wiene waarden entûsjast makke, sa’t wol bliken die út de belangstelling foar de konserten yn sels de lytste doarpen. Dat jildt ek foar mysels. As gewoane boerejonge út Wûns hearde ik foar it earst klassike muzyk by in skoalkonsert fan it FO op it Bogerman Lyceum yn Snits. Ik wie fuort ferkoft en bin altiten leafhawwer bleaun.

Foar Fryslân wie it FO tige wichtich, it joech jonge musisy de kâns om harren talint te ûntwikkeljen, lykas jonge akteurs no by Tryater. It klassike muzyklibben is nei de ûndergong fan it FO nea wer oplibbe, fan it elitêre NNO moasten de measte Friezen neat hawwe. Lit ús hoopje dat it populêre Frysk Jeugd Orkest de kâns kriget om mei KH2018 de Fryske klassike muzyk nij libben yn te blazen!

Jehannes Elzinga
Frjentsjer

febrewaris 2, 2016 12:34 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.