It kikkertkonsert

febrewaris 25, 2016 15:54

Resint ferskynd

In kikkert syn winsk is net grut
it moaiste yn syn libben
dat is in kikkertkonsert jaan
yn in lytse boeresleat.

Hy begjint dan fleurich mei kweakjen
al klinkt dat by in soad
as it skraabjen fan kielen
by kikkerts hjit dat sjongen.

Yn in wier kikkertkoar
sa opgeand yn syn muzyk
lûkt hy himsels neat oan fan krityk
fan oaren en sjongt fredich troch.

Mar in kikkert dy’t yn himsels leaut
kin gjin falske noat yn syn liet ûntdekke
en kweaket dus fleurich troch
dêrtroch sjocht hy gjin gefaar.

Mar in grutte grize reager
faaks kenne jo him noch
fan in earder gedicht
stiet sierlik op de steger.

Hy hâldt in protte fan it kikkertkoar
net fanwegen de sjongkwaliteit
mar mear as moarnsiten
en net in kikkert hat dat troch.

Wat der doe bard is
dat wie foar de kikkerts hiel aaklik
mar foar jo wol dúdlik
en dêrom fertel ik it ek net.

© Priegel

febrewaris 25, 2016 15:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.