Raaf op it strân

febrewaris 7, 2016 07:54 Fernijd

Schermafbeelding 2016-02-07 om 00.54.26

‘Wat komme dêr no foar nuvere fûgels oan?’, liket dizze raaf te tinken. Fotograaf Jens-Uwe Ries makke de hjersteftige foto sneontemoarn op it strân fan Söl/Sylt, it noardlikste Fryske Waadeilân. Raven binne gjin typyske Waadfûgels, mar de raven op it eilân passe harren maklik oan it strânlibben oan. Sa kinne se skulpen iepenmeitsje om se leech te iten, in trúkje dat se fan ‘e seefûgels ôfsjogge. Fan raven wurdt op Söl sein dat se iensume âlde minsken fan iten foarsjogge. Der bestiet ek in myte dat in raaf eins in frou is mei de jefte om it stal fan ‘e swarte fûgel oan te nimmen. En byâlds, as de eilanners in sterk ferhaal fertelden en de harkers fan de wierheid derfan oertsjûgje woene, dan seine se: “Dat is by de raven wier!”

febrewaris 7, 2016 07:54 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.