Hie Hitler in petiterich kultsje?

febrewaris 27, 2016 22:13

Hie Hitler in petiterich kultsje? Dy fraach wurdt de ôfrûne dagen yn allegear media steld. De oanlieding is it boek Hitler’s Last Day: Minute by Minute fan de histoarisy Jonathan Mayo en Emma Craigie. Der wurdt sels praat fan in ‘mikropenis’.

Net terjochte, seit Emma Craigie. Hja seit dat der wol oanwizings foar binne dat de Dútske diktator in ûngewoan geslachtsdiel hie. Wis is dat er mar ien bal hie of, better sein, ien bal wie nea delsakke yn ‘e sek. Fierders binne der oanwizings foar dat it pisgatsje net op ‘e boppekant fan syn kul siet, mar oan ‘e ûnderkant. En der binne oanwizings foar dat de kul ûngewoan ticht tsjin it lichem oan siet, sadat er tige lyts like. Mar dat er echt in ‘mikropenis’ hie, dêr wiist neat op.

Neffens Mayo en Craig wist Hitler syn dokter, Theodor Morell, fan ‘e ôfwikings en hat er him allegear medisinen foarskreaun, ûnder oaren om him pystiger te meitsjen. Under de foarskreaune middels wiene hormoanen, amfetaminen en kokaïne.

febrewaris 27, 2016 22:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.