Feie Fonyk oer bleat yn Parys

febrewaris 4, 2016 16:30

Hûndertfyftich jier lyn, yn 1863, wie it in skandaal. De skilder Edouard Manet skildere in bleat frommis samar yn de bosk ticht by in pear oanklaaide keardels: ‘Le déjeuner sur l’herbe’. It skilderij waard wegere foar de Salon, de wichtichste jierlikse útstalling. Oant dy tiid waarden der wol bleate froulju skildere, mar altyd ‘netsjes’, dus mei in bledsje foar de fodze en yn alle gefallen sûnder hier yn ’t krús. Twa jier letter krige Manet syn ‘Olympia’ wol in plak op de Salon. Dat is in skilderij fan in hoer dy’t op bêd leit, op it fuottenein sit in swarte kat – symboal fan huorkerij – en hja kriget in bosk blommen oanrikt fan in swarte frou. Grif in kadootsje fan in tefreden klant. De lju spriekeken der skande fan.

De ynwenners fan it Parys fan 1865 soene frjemd opsjen fan harren hjoeddeiske stêd. Mei tûzenen rinne se der jûns bylâns, stadich, want der is gjin trochkommen oan. Oan beide kanten fan de dyk de kafees, restaurants, winkeltsjes dy’t oant djip yn ’e nacht iepen binne, bioskopen. Dat is de Boulevard de Clichy. Kinst der ek yn ’e bus bylâns mei Parys by nacht. De toeristen steane har te fergapjen oan de seksshops, de peepshows, de stripklups en it grutte sekspaleis. In eintsje fierderop, op de Place Pigalle, stiet de Moulin Rouge – de Reade Mûne. Dêr kinst foar in soad jild in flesse sjampanje drinke en dy de eagen út ’e holle sjen nei froulju mei lange bleate skonken. It Musée d’érotisme is goedkeaper. Njoggen euro, mar ast yn ’t foar fia ynternet in kaartsje keapest, bist trije euro minder kwyt. Moulin Rouge haw ik nea yn west, mar wol yn it Lido oan de Champs Élysee. Dêr dûnsje de langskonkige Bluebell girls mei in soad fearren om ’e kont en ’e lea. It is aardich om in kear te sjen, der wurdt dûnse, reedriden op in echte iisbaan, dy’t út de flier omheech komt. Der binne akrobaten, mei oare wurden: der is foar eltsenien wol wat. De muzyk komt fan in lûdbân – dat dan wol wer, oars wurdt it te djoer.

Yn it Red Light district fan Parys kom ik tsjintwurdich net mear. It is my te drok en de manlju dy’t dy oerhelje wolle om wat bysûnders te sjen, binne tige ferfelend. As man allinne komst hast net fan harren ôf. Kinst fansels sizze dat dyn freondinne efter dy oankomt of datst alle jûnen by muoike op bêd krûpst of yn it Frysk raze “kroadzje no ek ris op”, it jout net in soad. Boppedat haw ik oan myn freondinne mear as genôch en ik fal net op de typen dy’t hjir foar jild te sjen binne. Likegoed haw ik wurdearring foar de wat frijere opfettingen fan de Frânsen op it mêd fan houlik, freonskip en seks, lykas yn it ferhaal fan dy Frânske diplomaat dy’t sjantearre wurde soe mei foto’s fan syn bûtenechtlike ferhâlding. Hy wie dúdlik: “Stjoer se mar, myn frou sil grutsk op my wêze”.

 

febrewaris 4, 2016 16:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.