Bonjour la Frise, bonjour le monde!

febrewaris 25, 2016 16:08

Okkerdeis is de Fryske taal opnommen yn Google Translate.

Dêrmei kinne teksten út it Frysk wei en nei it Frysk ta oerset wurde yn en út mear as hûndert talen. Kreas foar it Frysk en ik fernim dat dy mylpeal mear as ien Frysk hert flugger bûnzje lit, ynklusyf mines: de hiele wrâld kin ús prachtige taal no mear as ea romje. Hawwe wy Friezen der ek niget oan en sjoch nei bûten? Soe it Frysk syn status fan oankrûptaaltsje ferromje kinne, nei ús úteinsettaal nei de wrâld? Wês bliid minsken en stoarje justjes fierder oer jim nâle hinne: it Turksk, Arabysk, Ingelsk en withoefolle mear talen kinne wy no better folgje. Ut ús memmetaal wei. De bêste wize om oare folken nijsgjirrich te meitsjen foar it Frysk is om sels belangstelling te toanen foar harren taal.
Bonjour la Frise, bonjour le monde!

Rob Faltin du Jardin, Amsterdam

febrewaris 25, 2016 16:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.