Amama – Baskyske film mei Fryske ûndertiteling

febrewaris 7, 2016 00:47

Amama (‘Beppe’) is yn Baskelân in begryp. De film fan regisseur Asier Altuna is yn febrewaris by bioskoop Slieker yn Ljouwert te sjen mei Fryske ûndertiteling. Foar Friezen sil er grif in oansprekkend tema hawwe. Hy giet nammentlik oer de konflikten tusken ferskate generaasjes op in boerepleats, in tankber tema yn de Fryske sinematografy en literatuer.

It Europeeske Buro foar Lytse Talen hat de film fan Fryske ûndertiteling foarsjoen en him nei Ljouwert ta helle. Hy hat op ferskate Europeeske filmfestivals te sjen west en is dêr goed ûntfongen.

De film Amama wurdt draaid op sneon 20 febrewaris om 15.30 en op snein 21 febrewaris om 11.30 oere. Besikers kinne kieze foar Fryske of Ingelske ûndertiteling. De sneons wurdt foar de film in presintaasje jûn fan de aktiviteiten dy’t de Baskyske stêd Donostia/San Sebastian dit jier organisearret. De stêd is kulturele haadstêd fan Europa yn 2016. Yn 2018 falt dy eare oan Ljouwert ta.

Hjirûnder is stikje fan Amama te sjen, mei Spaanske ûndertiteling.

febrewaris 7, 2016 00:47
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Jan febrewaris 10, 14:11

    Ik woe dat soks ris te downloaden wie. (Mei de Fryske ûndertiteling fansels!)

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.