Iraanske parse jout heal miljoen foar de dea fan Rushdie

febrewaris 24, 2016 22:47

De offisjele steatsmedia fan Iran hawwe fan ‘e wike in beleanning fan mear as in heal miljoen euro útskreaun foar wa’t de Britske skriuwer Salman Rushdie fermoardet. Hja binne dêrmei de safolste yn in lange rige fan islamityske organisaasjes dy’t jild tasizze oan de moardner fan Rushdie.

Yn 1989 spriek Rûholla Komeiny, de geastlik lieder en stifter fan de steat Iran, in islamitysk deafonnis út oer Rushdie. Hy waard fûgelfrij ferklearre. De reden wie dat er yn syn roman The Satanic Verses it moslimleauwe de gek oanstutsen hawwe soe.

De Iraanske media hawwe oant no ta de grutste beleanning klearlizzen foar de moardner fan Rushdie. It wichtige Iraanske parseburo Fars hat mei in jefte fan mear as tweintichtûzen euro de grutste bydrage oan ‘e preemje levere.

De Iraanske oerheid stiet net mear efter de moardoprop. Yn 1998 hat it regear fan Mohammad Katamy besletten dat it deafonnis net útfierd wurde soe. Yn 2005 befêstige Komeiny syn opfolger Aly Kamenei it deafonnis lykwols. Iran wie ferline jier noch ôfwêzich op ‘e Frankfurter Buchmesse, út protest tsjin de oanwêzigens fan Rushdie dêre.

Foto: David Shankbone / Wikipedia (CC)

febrewaris 24, 2016 22:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.