“Brûk de oerienkomsten tusken de Germaanske talen”
Resint ferskynd
By it learen fan besibbe talen is it folle nuttiger om it ferstean te befoarderjen as it praten en skriuwen. It ûnderwiis soe him dêr dan ek mear op rjochtsje moatte. Dat skiuwt ûndersykster Femke Swarte. De Friezinne promovearret op 3 maart op har ûndersyk oan de Ryksuniversiteit Grins.
Frou Swarte hat ûndersocht hoe goed oft sprekkers fan ferskate Germaanske talen inoar ferstean. Under dy talen wiene ek it Frysk fan Nederlân en it Dútske Noard-Fryslân. It ûnderling ferstean giet it bêst tusken de Skandinavyske talen. It Ingelsk wurdt oeral goed ferstien, mar de Ingelsken kinne oare Germaanske talen just wer tige min ferstean. Dat komt trochdat hast alle Europeanen wolris Ingelsk hearre, wylst Ingelsken amper mei oare talen yn kontakt komme.
Trochdat de ferskillen tusken de Germaanske talen net sa grut binne, soe it neffens frou Swarte goed wêze en meitsje folle mear gebrûk fan de oerienkomsten tusken de ferskillende talen. Troch it ûnderwiis dêr mear op te rjochtsjen kinne bygelyks Nederlânsktaligen relatyf fluch alle oare Germaanske talen begripe. Dat helpt wer in soad by it praten en skriuwen. Boppedat makket soks it mooglik dat Europeanen fêsthâlde oan har eigen taal en dochs begrepen wurde. In Fries, in Hollanner en in Dútser kinne yn prinsipe mei wat oefening de eigen taal prate en dochs inoar dochs goed genôch ferstean om in sinfol petear te fieren. Dat soe it Europeeske ideaal fan ynterkultureel kontakt mei behâld fan it eigene folle tichterby bringe. Noaren, Sweden en Denen fine sokke meartalige petearen al hiel gewoan.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje