Meiwurker De Boer Drachten ferfolge foar wegerjen homoseksuele stazjêr (bywurke)

febrewaris 18, 2016 14:35

De agraryske gruthannel De Boer yn Drachten hie studint Bas van der Meer nea in staazjeplak wegerje mocht, om’t er homoseksueel is. It bedriuw hat in ferbean ûnderskied tusken minsken makke. Dat hat it Kolleezje foar de rjochten fan de minsk woansdei sein. It Iepenbier Ministearje hat besletten om in meiwurker fan it bedriuw te ferfolgjen.

It Nijs berjochte yn novimber oer de saak (link). Van der Meer studearre yn Grins en socht in staazjeplak. Om’t syn heit in tefreden klant wie fan De Boer, socht er dêr in staazjeplak. Hy fierder ferskate petearen en it akkordearre ynearsten tusken him en de bedriuwslieding, mar doe krige er in mail. Dêryn waard him ferteld dat er net wolkom wie. Op Facebook hiene de minsken fan De Boer sjoen dat Bas in relaasje mei in oare jonge hie en se woene yn it ‘kristlike bedriuw’ gjin homoseksuele meiwurkers.

Nei de útspraak fan it minskerjochtekolleezje hat Van der Meer mei justysje praat oer fierdere stappen. It Iepenbier Ministearje hat tongersdeitemiddei ferfolging ynteld tsjin in 42-jierrige meiwurker fan De Boer. De man wurdt beskuldige fan diskriminaasje. Hy sil ynkoarten foar de rjochter ferskine moatte.

Tsjin de Volksrant sei Van der Meer dat ferfolging him in goed idee talike. “Daarmee stel je echt een voorbeeld.” Hy ljochtet ta dat er de juridyske striid net allinne foar himsels fiert: “Eigenlijk wil ik één ding heel duidelijk maken: dat de grondwet nog altijd boven geloofsovertuiging staat.”

Hendrik de Boer fan it bedriuw De Boer seit tsjin it Algemeen Dagblad dat er it “triest” en “laag” fynt dat Van der Meer de kwestje yn ‘e media brocht hat. Hy seit dat er Van der Meer foar in petear útnoege hat, mar dat dy dêr net op yngien is.

Van der Meer hat it brief mei it oardiel fan it Kolleezje foar de rjochten fan ‘e minsk fia Facebook iepenbier makke. It is hjirûnder te sjen:

 

febrewaris 18, 2016 14:35
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Rob febrewaris 18, 18:23

    En sa heart it ek. As in bedriuw itselde dwaan soe om immens ras of religy wurdt itselde dien.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.