Frânsen kreauwe om net-besteande staveringswiziging

febrewaris 4, 2016 19:28

Opskuor om staveringswizigings, de Friezen kinne deroer meiprate. No protestearje de Frânsen tsjin oanpassing fan ‘e offisjele stavering. Mei in wichtich ferskil. De offisjele stavering fan it Frânsk feroaret hielendal net.

It nijs is de wrâld yn holpen troch de stjoerder TF1. Dy fernijde woansdei dat de offisjele stavering takom jier ferplichte wurde soe yn it ûnderwiis. De plannen foar de wiziging besteane al sûnt 1990 en hawwe de goedkarring fan de Académie Française, mar se binne nea útfierd woarn. Neffens de akademy-meiwurkers is de wiziging in ferienfâldiging, mar yn de Frânske maatskippij en yn it ûnderwiis binne grutte beswierren tsjin de feroaring fan it wurdbyld.

Je suis Circonflexe

TF1 hie it net hielendal by it rjochte ein. De staveringswizigings wurde net ferplichte. Allinne hawwe in pear grutte útjouwers fan skoalboeken ôfpraat om tenei de nije stavering te brûken. Dy hâldt benammen yn dat der skrast wurdt yn ‘e aksinten. Sa reitsje in soad wurden harren dakjes en keppeltekens kwyt. Fierders wurdt de ph yn guon wurden in f en ferdwine in stikmannich stomme letters. Mei in ferwizing nei de lilkens om de oanslaggen op it tydskrift Charlie Hebdo, doe’t in soad minsken it biedwurd Je suis Charlie brûkten, hawwe tsjinstanners fan ‘e nije stavering no op Facebook en Twitter de gjalp Je suis Accent Circonflexe (‘Ik bin dakje’) brûkt.

Nénufar

De oanpassing laat derta dat sa’n 2400 wurden yn skoalboeken tenei oars stavere wurde. In pear foarbylden binne maîtresse dat maitresse wurdt, pique-nique (‘piknik’) dat piquenique wurdt, it meartal misses (‘missen’ fan ‘missferkiezings’) dat lykas yn it iental miss wurdt en oignon (‘sipel) dat ognon wurdt. Foar Friezen noch aardich om te witten: nénuphar (‘pompeblêd’) wurdt nénufar. Underwizers en skoalbern hawwe ynearsten de frijheid om de bewende stavering oan te hâlden.

Yn België meitsje se harren nammers net drok oer de plannen fan de Frânske útjouwers. Dêr is de nije stavering yn 2008 ferplichte ynfierd op ‘e Frânsktalige skoallen.

febrewaris 4, 2016 19:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.