Wêrom sizze de Friezen fan ‘tútsje’?

febrewaris 4, 2016 15:40

Troch Henk Wolf

Juster stie der in artikeltsje op itnijs.frl oer de skiednis fan tútsjen as middel om affeksje sjen te litten. Yn de reaksjes ûnder it stik stelde ien my persoanlik de fraach wêrom’t it Frysk net in etymologyske wjergader hat fan ‘kussen’, ‘küssen’, ‘to kiss’ en sokke wurden mear. Hy of sy (want de reaksje wie skreaun ûnder in skûlnamme) frege ek hoe âld oft it Fryske wurd ‘tútsje’ is. It like my it aardichst om it antwurd yn in stikje te ferwurkjen. Dat, hjirby.

De âldste teksten mei ‘tútsje’ deryn dy’t ik yn ‘e gauwichheid fûn ha, komme út de 18e ieu. Yn in tekst út 1748 stiet in rymke dat ús foarhâldt dat it bêd bedoeld is om op te sliepen en net om de bêdgenoat oan te krûpen:

“Op ‘t baed der is ‘t dy tyyd fin resten, Der past nin tuwttjen, in nin spil, Dat haerdde ik fin uwz pâkke lesten …”
(“Op bêd, dêr is it tiid fan rêsten, dêr past gjin tútsjen en gjin spul, dat hearde ik fan ús pake lêsten.”)

Ik slút net út dat ien dy’t wat langer siket noch wol âldere foarbylden fine kin. Der is trouwens ien sitaat fan de 19e-ieuske taalentûsjast Paulus Scheltema, dy’t úthâldt dat er ‘tútsje’ al yn Frysk fan de 15e ieu oantroffen hat, mar hy skriuwt net wêr en hy is as boarne sa ûnbetrouber dat er yn syn eigen tiid al ‘Paulus Liger’ neamd waard.

Fansels hat it Frysk fanâlds ek in wurd dat besibbe is oan wurden lykas ‘kussen’, ‘küssen’, ‘to kiss’, dy’t yn ‘e oare Germaanske talen foarkomme. Yn it Aldfrysk kaam it foar as ‘kessa’. It komôf fan it wurd is net bekend, mooglik is it ûntstien as in onomatopee, in wurd dat út in klankimitaasje ûntstien is, lykas ‘koekoek’ en ‘tikje’. Hoe lang oft ‘kessa’ it folholden hat, is min nei te gean, mar ik ha der sa fluch gjin foarbylden fan fine kind fan nei de 15e ieu. Der ha yn de rin fan ‘e ieuwen wol ferskate oare wurden west mei deselde betsjutting, lykas ‘patsje’, ‘ûlkje’ en ‘tútsje’.

Minsken hâlde der net fan dat der yn in taal twa wurden foarkomme mei deselde betsjutting. Unbewust stribje se dernei om dy situaasje op te heffen. Dat neame wy it prinsipe fan Von Humboldt. Soms feroarje se de betsjutting fan ien fan ‘e twa wurden, soms litte se ien fan ‘e twa út de taal ferdwine. Sa hat ‘bern’ it wûn fan ‘kyn’, ‘faam’ fan ‘meid’ en ‘boer’ fan ‘húsman’.

Ik kin my dêrom foarstelle dat ‘kessa’ de striid úteinlik ferlern hat fan konkurrearjende foarmen. ‘Patsje’ en ‘ûlkje’ ha it ek net opret. ‘Tútsje’ hat hjoed de dei it hear allinnich, miskien ôfsjoen fan in sporadysk argaïsearjend gebrûk fan ‘patsje’ yn literêre teksten. Spitigernôch is der foar 1800 mar sa’n bytsje Frysk skreaun dat wy nei alle gedachten noait neigean kinne hoe’t de ferskillende synonimen inoar bekonkurrearre en út it stee wrotten ha.

It is opfallend dat it Nederlânsk wol twa gongbere synonime wurden foar ‘tútsje’ hat: ‘zoenen’ en ‘kussen’. Ik ha de yndruk dat der in sterke yndividuele foarkar foar ien fan de twa is. Mooglik is dat ek in regionalen ien. Ik bin benijd oft ien fan ‘e twa yn ús tiid noch hoekedakke giet.

febrewaris 4, 2016 15:40
Skriuw in reaksje

5 opmerkingen

  1. Rianne febrewaris 4, 23:27

    Mei’k wol oer

  2. mbc84 febrewaris 5, 11:22

    tank Henk foar de útlis, tige nijsgjirrich!

  3. Johannes febrewaris 5, 11:34

    Wat is Henk Wolf nijsgjirrich, hie lit ús wer neitinke oer twa wurden: onomatopee en hoekedakke. Ik haw no gjin tijd genoch om it nei te sykjen. Aanst gean ik meallen op de Aylvamole by Burchwert. By it tútsjen wurdt er flybe ùtwiksele yn ‘e mûle, dy ‘t der foar soarget dat minsken elkoar meie en in goed fielen jout. It bringt in hâlden fan op gong en jout fertuten.

  4. wopkje febrewaris 6, 19:33

    Nijsgjirrich Henk, mar wêr kinst no sokke eftergrûnynformaasje fine?

  5. Henk febrewaris 7, 18:05

    Goeie, Wopkje,

    Is dit Wopkje B. út H.? 🙂

    Om histoaryske ynformaasje te finen begjin ik meastal by it WFT, it Wurdboek fan de Fryske Taal. Dat haw ik yn ‘e kast, mar it stiet ek op it Internet.

    In twadde stap is dan faak de Taaldatabank fan de Fryske Akademy. Dy stiet ek online.

    De site etymologiebank.nl is ek in goeie stipe. En it helpt ek gauris om gewoan wat te googeljen, soms smyt dat wat op.

    Fierder haw ik in protte boeken yn ‘e kast dy’t ynformaasje jouwe oer de skiednis en it gebrûk fan wurden. Tink oan de Taelhelling-boeken fan Tamminga, Op ‘t aljemint fan Dykstra, âlde grammatika’s, âlde wurdboeken en noch folle mear. Boppedat steane der yn allegear faktydskriften en taalkollums lytse en grutte wurdstúdzjes. En sa is der noch folle mear.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.