Winterkonserten fokaal ensemble Het Cantoor

jannewaris 24, 2016 12:00 Fernijd

Yn Ljouwert en op ’e Sweach sil it fokaal ensemble Het Cantoor ûnder lieding fan syn fêste dirigint Tjalling Wijnstra it kommende wykein in bysûnder konsert jaan. Bysûnder troch de fjouwer wrâldpremjêres dy’t it bringt en troch de meiwurking fan selliste Annette Scholten, dy’t ek op de lame sonore spilet.

Annette Scholten hat al moai wat ûnderfining, net inkeld mei de sello, it ynstrumint dêr’t se op ôfstudearre is, mar ek mei it bespyljen fan de lame sonore (sjongende seage). Se spile ûnder mear yn it Amsterdamske Concertgebouw en yn Carnegie Hall yn New York. Yn it kommende winterkonsert is se as sellist se te hearren yn de wrâldpremjêre fan twa prachtige koarwurken fan de komponist Bernard van Beurden  (berne yn 1933). Dat binne it monumintale Je vous le donne, op tekst fan de dichter Paul Verlaine, en it lichtfuottige Six medieval songs. Beide stikken wurde sûnder naad oaninoar reaun troch in tredde nij stik, Trait d’union foar sello fan deselde komponist.

It gearwurkjen fan Het Cantoor mei Bernard van Beurden kaam ta stân trochdat kunde fan de komponist him op de bysûndere kwaliteiten fan Tjalling Wijnstra en syn keamerkoar wiisde. Hy seach wol wat yn gearwurkjen. Foar de komposysjes fan it kommende konsert liet er him ynspirearje troch de fokale muzyk út de Midsiuwen en troch de poëzy fan Verlaine. Beide boeie him al salang’t er komponearret.

Het Cantoor bringt nóch in premjêre: spesjaal foar Annette Scholten skreau Tjalling Wijnstra in bysûnder wurk foar lame sonore en piano. Hy waard dêrta ynspirearre troch it gedicht Angelo fan de Italiaanske dichter Renzo Pezzani. Mei dy komposysje foeget Wijnstra in kwalitatyf heechsteand muzykstik ta oan it repertoire foar de saneamde sjongende seage. Scholten is dêr entûsjast oer. Sy wol it publyk mei dit ynstrumint – dat foar serieuze muzykbeoefening frij nij is – graach yn ’e kunde komme litte troch komposysjes dy’t dêr spesjaal foar skreaun binne. It wûndermoaie Angelo spilet se mei pianiste Gelske Bergsma, lid fan Het Cantoor.

In oar koarlid, Jannie Geertsma, sil de humoristyske Stripsody fan Cathy Berberian oer it fuotljocht bringe. In lust om te hearren en te sjen! Fierders sjongt it koar ûnder mear it romantyske Zigeunerleben fan Robert Schumann en it optimistyske What a wonderful world, it swide The song of the dove en it dreamerige Sleep fan Eric Whitacre.

Sneon 30 jannewaris – Ljouwert: 20.00 oere yn de Waalske Tsjerke
Snein 31 jannewaris – Beetstersweach: 15.00 oere yn de Doarpstsjerke
Yntree: € 10,00

jannewaris 24, 2016 12:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.