(P)izeldagen
Resint ferskynd
Samar krije wy in pear frije dagen yn de skurte smiten! Twa dagen izel en it hiele libben leit stil. It ferkear leit plat, skoallen binne ticht, kantoarpersoniel mei thús bliuwe, gearkomsten wurde ôfsein en stroomswakten meitsje mailferkear dreech. Sa binne al myn ôfspraken dizze dagen ôfsein en kom ik ynienen om yn de frije tiid. Tiid om wer ris de krante fan A-Z te lêzen, in goed boek te pakken en dit ynstjoerd stik te skriuwen. It liket wol oft de natuer dit mei sin dien hat mei as doel om yn ús stressfolle bestean in skoftke absolute rêst yn te bouwen. Soks soe winterdeis alle jierren barre moatte, al wie it allinnich mar om de moderne minske sjen te litten hoe betreklik ús drokke bestean is.
Jehannes Elzinga, Frjentsjer
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje