Komponiste siket musisy fia Facebook

jannewaris 13, 2016 09:00 Fernijd
tdv

Truus de Vries

Truus de Vries (29) út Ljouwert, dy’t al jierren komponearret, hat in oprop op Facebook pleatst dêr’t se musisy yn freget om har stikken te spyljen.

It giet om in wurk foar strykorkest en ien foar orkest mei strikers en blazers, mar ek om stikken mei lytsere besetting lykas fioele-piano. Der sitte ek twa stikken by dy’t De Vries skreaun hat foar it folkensemble Edis dêr’t se piano yn spilet. Ornaris moatte orkesten auteursrjochten betelje oan in komponist, mar de komposysjes fan De Vries binne fergees del te laden op www.truusdevries.nl/composities. De Vries hopet dat safolle mooglik minsken har berjocht diele en dat har stikken faker spile wurde sille.

jannewaris 13, 2016 09:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*