Ien aai de himrik!

jannewaris 29, 2016 19:17

No’t it ljipaaisykjen op ‘e nij yn ‘e knipe komt, hjir in útstel om ien en oar foar de takomst te regeljen. Ik bin útgien fan twa punten:
1. De tradysje moat yn stân bliuwe.
2. De ljippestân moat net troch it aaisykjen efterút.

BroedsjeNo bin iksels net in betûft aaisiker, mar net foar neat hâld ik my al jierren dwaande mei it Frysk(talig)e lânskip. Dêrmei wit ik dat Fryslân sa’n 425 doarpen en stêden telt. Dy doarpen en stêden hawwe in eigen himrik. In himrik is it kadastrale gebiet dat ta in doarp of stêd heart. Buorskippen lizze op sa’n doarpshimrik en telle dus net mei. In himrik is hjoed de dei ienfâldich yn in tillefoanapplikaasje (app) fêst te lizzen.

De aaisiker of aaisykster kin oer dy app oan in sintraal punt de GPS-koördinaten fan in nêst melde. Hy kriget dan in app’ke werom mei dêryn de melding oft it earste aai fan dy himrik al fûn/meinaam is. Mocht soks net it gefal wêze. Dan kin er op dat stuit beslute oft er it aai al of net meinimt en syn namme wurdt dat jier ferbûn oan it earste aai fan dy himrik. Ut dy himrik meie dat jier dan gjin aaien mear meinommen wurde. Om de spanning deryn te hâlden, wurdt tuskentiids allinne mar bekend makke yn hokker gemeente(n) it earste aai fûn is. Dêrmei wurde ûnder it aaisykjen safolle as mooglik nêsten fêstlein en is de neisoarch eins al begûn.

Foardielen fan myn metoade binne:
• De tradysje bliuwt bestean!
• Yntegraasje fan neisoarch en aaisykjen.
• It tal aaien dat it jier meinaam wurdt is nea grutter as 425.
• De kâns op in earste aai nimt ta, fan in lytse 30 gemeenten nei sa’n 425 himriken. Soks moat  de jongerein ek oansprekke.

Boeren en leanwurkers kinne de app yn de tillefoan of de “tomtom” fan de trekker sette en krije dêrmei safolle as mooglik nêsten yn byld. Mocht it sa wêze dat de ljippestân mei de tiid wer folle grutter wurdt, dan kinne nei de bettere jierren wol twa trije aaien de himrik meinaam wurde. Fansels folget der oan de ein fan it sykseizoen publikaasje fan in list mei de himriken en de finers fan de earste aaien. Dat app en list allinne yn ús eigen taal útfierd wurde, liket my hast in oerstallige opmerking.

Cor Jousma
Feanwâlden, 29 desimber 2015

jannewaris 29, 2016 19:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.