Frânsk parlemint keart mei trúk stipe foar minderheidstalen op

jannewaris 20, 2016 13:16

Learlingen fan de Bretonsktalige Diwan-skoallen yn Bretagne helje poerbêste sifers. Oare skoallen dy’t lessen jouwe yn minderheidstalen dogge dat ek. De bern leare der goed Frânsk, se leare de minderheidstaal goed en de resultaten by de oare fakken binne ek better as de lanlike trochsneed. Gjin niget, want in solide twataligens is goed foar de kognitive ûntwikkeling fan bern.

De skoallen hawwe it lykwols dreech. It binne priveeskoallen dy’t sels foar finansiering soargje moatte. Gemeenten en oare legere oerheden hawwe net folle mooglikheden om dy skoallen finansjeel te stypjen. Skande, sa wie it betinken fan Paul Molac, in partijleas Bretonsk lid fan it Frânske parlemint. Hy hat in wetsûntwerp yntsjinne dat it legere oerheden mooglik makket om subsydzjes te jaan oan skoallen dy’t in minderheidstaal as fiertaal brûke.

Frânsk yn it bûtenlân

It útstel waard ferline wike tongersdei fuortstimd mei 14 stimmen tsjin, 13 foar en ien ûnthâlding. Dat binne mei-inoar 28 stimmen. Dat is al net safolle, mar der wiene mar 24 parlemintsleden oanwêzich. De tsjinstimmers makken gebrûk fan in útsûnderingsregel dy’t it har tastie om te stimmen út namme fan fjouwer sosjalistyske parlemintsleden dy’t net oanwêzich wiene.

Molac is poer. Hy seit dat it Frânske parlemint it Europeesk Hânfêst foar minderheidstalen ek net goedkard hat en dat Frankryk fannijs de mooglikheid fersitten hat om wat foar syn regionale talen te dwaan, wylst de Frânske oerheid der alles oan docht om it Frânsk yn it bûtenlân te stypjen. Der moat in ein komme oan de “iepentlike fijannichheid” foar minderheidstalen oer, sa seit er. Sjoch syn webstee foar mear ynformaasje.

“Bûtenlânske taal yn eigen lân”

De proseduere hat ek by oare politisy fernuvering oproppen. De Bretonske politikus David Grosclaude seit yn in iepen brief oan de foarsitter fan ‘e Groupe Socialiste, dy’t de fjouwer ôfwêzige parlemintsleden stimme liet, dat ‘soksoarte nuvere rekkenkeunst’ hiel nuver op ‘e kiezers oerkomt, ek omdat twa fan ‘e ôfwêzige parlemintsleden just bekend steane as foarstanners fan stipe foar minderheidstalen. Oare lûden binne ek te hearren. Jean-Luc Laurent fan de Mouvement Républicain et Citoyen is ien fan ‘e tsjinstimmers. Hy neamt regionale taalbewegers op syn webstee ‘dingues’ (gek) en skriuwt dat minderheidstaalskoallen it Frânsk ta “in bûtenlânske taal yn syn eigen lân” meitsje en dat rjochten foar minderheidstalen liede kinne ta in ôfskiedingsbeweging lykas yn Kataloanië en Skotlân. Hy skriuwt fierders dat regionale talen om him stipe wurde meie, mar allinne yn it ramt fan kulturele organisaasjes en dat ûnderwiisjild net oan regionale talen útjûn wurde moat. Laurent: “In euro dy’t útjûn wurdt oan de streektalen fan ‘e wrâld, lykas it Italiaansk of Koreaansk, liket my nuttiger bestege as in euro dy’t útjûn wurdt foar it Gallo of it Baskysk.”

jannewaris 20, 2016 13:16
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. eric oktober 4, 12:14

    Jim wurde betanke, “sosjalistyske parlemintsleden”

  2. mbc84 oktober 4, 14:20

    Sosjalisme… In oare namme foar kultuermarksisme.. Dêrom binne minderheidstalen ek minderweardich, se behearre ta de oarspronkelike folken en dy binne belêste mei de boargerlike Westerske kultuer. It hiele sirkus yn Brussel/ fan de EU is kultuermarksistysk by útstek. De EU wurket allinnich as elts (yn ideology) gelyk is. Wy as Friezen binne altiten foar de gek holden wurden troch sokke moaipraters by de EU. Se hawwe noch nea in poat útstutsen foar minderheidstalen/ -folken. Dat is sa liket, is allinnich om ús leauwe te litten dat de EU better is as Nederlân. Net dat ik in fan fan Nederlân bin, mar de EU hâldt it alhiel net mei ús.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.