FNP-foarsitter: striid foar it Frysk is efterhoedegefjocht

jannewaris 5, 2016 18:31

De FNP moat him minder op it Frysk rjochtsje. It plak fan it Frysk yn ‘e maatskippij fergrutsje wolle is in efterhoedegefjocht. Dat seit partijfoarsitter Ultsje Hosper hjoed yn ‘e Ljouwerter Krante.

De FNP moat him neffens Hosper ûntwikkelje ta in brede folkspartij en iepen stean foar “nije ynsichten”, lykas de ekonomyske fersterking fan Fryslân en it opheinen fan flechtelingen. De partijrjochtline dat FNP’ers yn it iepenbier safolle mooglik Frysk prate, moat neffens Hosper ôfskaft wurde. Hy hat krityk op FNP-deputearre Johannes Kramer, dy’t op in listlûkersdebat yn Ljouwert yn febrewaris ferline jier as iennichste Frysk prate. In oanwêzige makke dêr doe beswier tsjin en Kramer gie troch yn it Frysk. Neffens Hosper hie Kramer doe foar it Nederlânsk kieze moatten. Kramer sels seit yn de Ljouwerter Krante dat er him yntinke kin dat er ek wolris Hollânsk brûkt, mar dat er yn in situaasje lykas by it ferkiezingsdebat no wer foar it Frysk kieze soe.

Oare prioriteiten kinne neffens him nije kiezers lûke, dy’t de hjoeddeiske stânpunten “te benepen” fine, sa is Hosper fan betinken. Hy wol dat de partij op koarte termyn wat docht om groeie te kinnen. Hy wiist derop dat de partij yn Provinsjale Steaten al tolve jier lang likernôch deselde grutte hat. Op gemeentlik nivo wie der yn dy perioade wol groei fan it tal sitten.

Hjirûnder it stik út de Ljouwerter Krante:

 

 

 

jannewaris 5, 2016 18:31
Skriuw in reaksje

27 opmerkingen

  1. Karel F. GIldemacher jannewaris 5, 18:37

    As Frysk net mear teld, is de FNP dochs gewoan in soarte fan rjochtse CDA, Ultsje.

  2. X. jannewaris 5, 20:42

    Wol dat sizze dat de Frysksinnichste partij fan Fryslân net langer achter it taalbelied stiet dat yn 1985 mei ‘Fan geunst nei rjocht’ begûn is en útgiet fan lykberjochtiging fan Frysk en Nederlânsk? Wat is dan it besteansrjocht noch fan de FNP?

  3. Germ Dijkstra jannewaris 5, 21:17

    Hear Hosper,

    Witte jo wêrom’t ik as ridlik rjochtse kiezer oerweagje om op Jesse Klaver fan GrienLinks te stimmen? Om’t hy dat ferteld wêr’t HY en liuwt en net sa sear dat wêr’t hy de measte stimmen mei mient te lûken. Jo pleitsje der júst foar om as Fries net josels te wêzen om’t jo tinke dat it FNP dan wat mear sieltsjes winne kin.

    Der is mar ien ding slimmer as ferbrekke hear Hosper en dat is josels ferloochenje.

  4. Theo Kuipers jannewaris 6, 08:25

    Hè gelokkich, it liket der op dat it yn de FNP no einlings in kear oer wichtiger saken gean sil dan oer taalstrideraasje. It debat oer identiteit en Frysk wêze of Frysk fiele gie de lêste desennia fierstente te folle oer it wol/net Frysk prate kinne. Oer histoaryske of kultuerele identiteit of sa’t Hosper terjochte oanjout oer sosjaal-ekonomyske problemen fan dizze regio waar’t hast net praten. Lit taal in kommunikaasjemiddel bliuwe en gjin striidmiddel.

  5. pyt jannewaris 6, 09:30

    Wat hjir flikt wurdt, past yn it opjaan fan prinsipes om elektorale redenen. Hoe desastreus dat wurket, kinne wy by de PvdA sjen. Ik bin it wol iens mei de sprekker, dat wy rekken hâlde moatte mei alle boargers fan Fryslân. Mar dêrom moatte wy ússels net diskriminearje litte, want dêr wie alles om begûn. Eins bin ik fan miening dat wy yn Fryslân al in hiel ein op wei binne nei in fantastyske twatalige maatskippij, dêr’t elk syn eigen taal prate kin.
    Dêrby mei men bêst wat fleksibel wêze; dus as ien seit: “Ik versta geen Fries, ik ben hier gelogeerd”, dan kom ik dy fansels temjitte. Mar immen dy’t hjir studearret en dan ek noch oan’e polityk meidwaan wol, dy moat fan syn skoalle dochs wol efkes in taalkursuske oanbean krije.

  6. Johannes jannewaris 6, 11:10

    Spitich dat in foarsitter sa mei it Frysk dwaande is. Frysk is de haadtaal fan it FNP. Dat hy it klam no ek op oare saken lizze wol is in iepen doar yntraapje. As eartiids foarsitter by it Fryske Gea hat hy it ientalich Hollansk makke. Soe hy dit hjir ek wolle? En Kramer hat it goed dien om die rede folslein yn ‘t Frysk te hâlden. Sa hearre FNP’ ers dat te dwaan.

  7. Eric jannewaris 6, 11:18

    Wêrom is de Scottish National Party sa’n grut sukses? Omdat it gjin taalpartij is. En omdat it gjin filiaal fan de grutte lanlike partijen is, mar opkomt foar de regio. De FNP kin fûneminteel oars wêze as de PvdA/CDA en de oare lanlike brot.

  8. Th. Dykstra jannewaris 6, 11:42

    In tryste diskusje fan óf-óf tinken(of it Frysk of de ekonomy ) ynstee fan in Fryske polityk fan én-én. As Hosper de moedfearren hingje lit jout er ta oan it net-gastfrije tinken fan de oarstalige ynwenners en de polityk fan de Rânestêd.

  9. Redbard (Atte Houtsma) jannewaris 6, 12:01

    ik tink dot we just Frysk Praete maote, mar ik bin it dir wol mei iens dot we brdere stanpunten in nimme moate,; gjin privatisering, de soarch is gjin merke, en ik tink dot we us utsprekke moate gjin fjochtelingen op to nimmen, der is werklezens set, en de waerden en noarmen fan de islam steane haeks op dyt fan uzes.

  10. P. Hekstra jannewaris 6, 13:47

    Yn in winkel yn Ljouwert woe in personielslid my net ferstean. Ik frege nochris yn it Frysk om itselde produkt en as Hollânske stiifkop is se doe troch in sjef teplak set. Yn dy winkel kin elk no altyd Frysk prate.
    It is nonsens om yn Ljouwert gjin Frysk te praten en it ferstean dêrfan ôf te twingjen.

    Kramer hat it wetlike rjocht om oeral yn it lân de twadde rykstaal te praten.
    Bûten Fryslân en yn it gefal fan in toerist of útfanhûzer is dat net ferstannich.

    Wa’t jin yn Fryslân de Frysktalichheid behinderje wol, diskriminearet de eigen befolking yn it foardiel fan de sterkere bûtenminsken. Hosper is dus sa’nien.

    Wat Hosper wol liket nei fleanen; sok praat giet allinnich mar om ledetallen. In organisaasje, dy’t har prinsipe ferleagenet, ferliest har besteansrjocht. Se ferliest net allinnich leden mar ek belangstellenden.
    Dat de FNP allinnich oer it Frysk praat, is in fabel. De FNP praat oer alles en wol dat yn it Frysk dwaan, mei it folste morele en juridyske rjocht.
    Ik begryp net, wêrom’t Hosper noch lid en foarsitter fan de FNP is.

  11. Jaap jannewaris 6, 14:17

    Glêde diken en Hosper fljocht daliks út ‘e bocht. De FNP hat nea in iensidige taalpartij west, mar it Frysk heart wol ta de kearnwearden fan de partij. As Ultsje no earst it eigen FNP-program ris goed lêst dan sjocht hy dat it ek giet oer lânskip, economy, duorsumens ensf. Breder en lykwichtiger kin hy it net krije. Der ha earder guon west dy’t om in board lizesop harren prinsipes der oanjoegen. Troch wetter by de wyn te dwaan wurdt it wetter noch wyn.

  12. Cornelis van der Wal jannewaris 6, 14:27

    It is my in riedsel wêrom’t de hear Hosper ea as foarsitter keazen is. Hy beskyt syn eigen nêst! Salang dizze figuer it by de FNP foar it sizzen hat, sil ik net wer op de partij stimme.

  13. Cor Jousma jannewaris 6, 15:01

    Wa’t himsels fuortsmyt, wurdt fan inoar net opkrige…

  14. Jan Sybrens jannewaris 6, 15:33

    Doe’ t Yltsje Hosper in setsje lyn lid fan de FNP waard om foarsitter wurde te kinnen (hjit soks net karriêre-politikus?) hie ik der (sjoen syn belied by It Fryske Gea) fuortdaliks al in skalk each op. No wol er dat de FNP it Frysk mar omkomme lit en him mei “wichtiger” dingen dwaande hâlde sil. De man hat sa’t it skynt npch nea it ferkiezingsprogram fan de FNP lêzen.
    Soe royemint net it bêste wêze? Der is grif wol in echte foarsitter te finen.

  15. Cees van der Meulen jannewaris 6, 17:10

    Ik sjoch de FNP as in partij mei wearden dy’t my oansprekke. De wrâld toant in bont palet oan kultueren. De FNP ûnderskiedt him fan alle oare partijen troch de eigen identiteit fan de Friezen as útgongspunt te nimmen. Dêryn is taal in wêzentlik elemint, dat my nei oan it hert leit.
    As Hosper syn sin krijt, dan sit it Frysk aansen op it janpoepsplak. Dat is in striemin plak!

  16. Jehannes jannewaris 6, 17:16

    @Cees van der Meulen: doe’t jo foarsitter fan de FNP wienen, wie it FNP (ek) in partij mei in dúdlik taalprofyl. Wol de partij de rjochting fan de nije foarsitter wol ynslaan of hat er in eigen aginda dy’t er trochdrukt?

  17. Germ Dijkstra jannewaris 6, 17:36

    Soe de hear Hosper eins ek leaver yn “De Friesche Meeren” wenene ha?

  18. Cor Jousma jannewaris 6, 17:47

    Sjoch no ris nei dy nije gemeentenamme.

    Earst hawwe de takomstige ynwenners mei dik 73 persint it “Nederlânsktalige” Franeker fansiden skood. En doe’t it om in geef stavere of in skeinde Fryske namme gie, kearzen 61 persint foar de geef stavere Waadhoeke!

    De man moat him by de VVD melde!

  19. Nynke Beetstra jannewaris 6, 18:32

    De FNP is foar my de partij dy’t ûnôfhinklik fan lanlike partijdisiplines opkomt foar de belangen fan Fryslân. We hawwe it dan oer in breed fjild oan ûnderwerpen. Oer al dy ûnderwerpen kommunisearret de FNP – as iennichste politike partij – altyd yn it Frysk.

    In soad minsken binne FNP-lid of -stimmer omdat it brûken fan it Frysk by de FNP garandearre en fanselssprekkend is. Ultsje Hosper wol dat prinsipe loslitte om mear kiezers te lûken. It kin wolris averjochts wurkje. En…. it Frysk? Krekt de FNP moat derfoar stride. En hoe kin dat better troch it altyd en rûnom te brûken!

  20. Daam de Vries jannewaris 6, 20:47

    Kwoot út myn bloch fan hjoed:

    “Sa ha wy Ultsje Hosper dy’t allochtoanen opropt syn eigen folk te diskriminearjen. Taalalarm. It is justjes fyn ynleiner mar krekt dêrtroch ek gâns slimmer as it minderminder fan Geert Wilders.”

  21. Tsjerk jannewaris 7, 00:34

    De FNP hat in slim liederskipsprobleem, dat wie my al langer opfallen sûnt Hosper ta foarman keazen is. Kinne wy him ek wer ‘ôfservearje’? Leafst sa gau mooglik. It Frysk freget om echte lieders, mei kennis fan saken …

  22. Piet Reitsma jannewaris 7, 09:36

    Krijt in dûmny dy’t de Bibel ôfswart mear besikers yn tsjerke?………

  23. Sjieuwe Borger jannewaris 7, 17:05

    It stiet yn de Ljouwerter, dat ik haw myn twifels. Mar as Hosper al goed oanhelle wurdt, dan wurdt it tiid foar in bysûndere ledegearkomste om de foarsitter ferantwurding ôflizze te litten en ta de oarder te roppen. Hy is it paad wol rjocht bjuster, tinkt my.

  24. bestjoerder jannewaris 8, 17:49

    De FNP is gjin taalpartij mar hat him altyd yn it Frysk dwaande hâlden mei alle aspekten fan it libben. As Ultsje Hosper in grutte partij wurde wol troch it Frysk as ‘achterhoedegevecht’ te beneamen, kinne wy de striid foar Omrop Fryslân, trijetalige skoallen en Frysk yn tsjerke wol deabloedzje litte. Wy ferlieze ús identiteit en kinne de FNP wol ynruilje foar in oare partij. Dizze man is in blaumoandei lid en kin better opkrasse.

  25. Nûmer 25 jannewaris 9, 19:53

    It is al jierren en jierren lyn, dat soks-sawat sein waard as: frysk fansels, dan in behindige partij en amper ‘macht’. Neigeraden dat ús taal minder en minder wurdt yn wurd en op skrift,sil de macht grutter en grutter wurde. En as wy ús taal ôfsward hawwe, is ús macht begrinzge troch it tal fan de 43: 43 is it tal yn de steateseale. En dy 43 binne dan allegearre (FN)P’ers. En dêr hearre 5 (F)NP-deputearren by en in (F)NP-rykskommissaris -provincial governer!- by.Us foarsitter seit net safolle nijs, tinkt my. De ûntjouwing is al jierren geande. Der binne my tefolle nuete ôfdielings, dy’t it klinken en tromslaan en daverjen ferleard hawwe. .

  26. pyt febrewaris 21, 09:25

    Diskriminaasje fan taal is diskriminaasje fan minsken. En dêr komt neat goeds út fuort. As de sfear net goed is, wurdt it mei de ekonomy ek neat. Wy hawwe it yn Fryslân no sa fier dat beide talen mei har farianten op in soad plakken frij brûkt wurde kinne. Dy taak moatte wy foar alles ôfrûnje!

  27. Hein Boersma septimber 21, 11:37

    Mei dizze foarsitter hawwe wy de dea yn de pot.
    Ik haw myn twifels jimmer hân. Hy hat net de wenstige
    paden fan de partij trochrûn. Mar is ta foarsitter katapultearre. Mis en nochris mis!
    Better in fakature as sa’n foarsitter.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.