Feie Fonyk oer sûnens

jannewaris 21, 2016 12:24

Myn dei is goed. De Ljouwerter hat in bylage oer sûnens en ik bin gek op soks. Gezondheid en Co mei ik graach lêze en my der oer fernuverje. It giet hjoed oer ‘Fitness voor senioren’, yn it middenblêd sjoch ik in foto fan in board iten mei rucola, tomaat, aai en hynsteblommen. In side fierder giet it oer ‘powerwalking’ en de kommersje besiket der wat fan mei te pikken. Sa lês ik yn de advertinsje fan Jacob Hooy (nea earder fan heard) dat CBD (wat dat is mei Joast witte, ho, it stiet fierderop dat is cannabidiol en it sit yn kannabis) in ûntspannende wurking hat, it stimulearret it ymmúnsysteem en jo kinne it brûke by stres. No seach ik koartlyn de sjonger Armand foar de telefyzje. As der ien is dy’t in soad cannabis brûkte, dan wie hy it. Armand stelde in fraach by it spultsje ‘De slimste mens’. Hy like my tige ûntspannen mei syn reade lange hier en bleke holle, mar koartlyn is er ferstoarn. Hy wie noch mar 69.

Wat moatte wy dêr no mei. Ik bedoel net mei dy powerwalking fan dy man en frou dy’t mei fan dy stokjes troch de snie rinne. Ik bedoel ek net wat wy mei dy hynsteblommen moatte of dy fitness foar âlden fan dagen, nee wat moatte wy mei dat fleske fan Jacob Hooy dat oanbean wurdt en dat blikskaters krap tritich euro kostet. It is no yn de oanbieding. It twadde fleske wurdt oanbean foar ien euro.

Neist dy advertinsje fan dy CBD-oalje stiet in advertinsje fan Spijswijzer. Kinst meidwaan oan de workshop ‘emotie-eten’. De eftergrûn is dat in soad minsken út ûnfrede mei harrensels, harren bern, harren freon of freondinne, wurk, libbensomstannichheden, wenplak, skoanfamylje, stúdzje, dat der te min omtinken is foar asylsikers, dat der tefolle flechtlingen komme, dat de poalen smelte, dat it mar net rjocht winterje wol, dat de diseloalje aanst grif wer djoerder wurdt en wit ik noch mear wêr’t je ûntefreden oer wêze kinne, al dy ûntefredenheid fuort besykje te krijen troch de hiele dei te fretten, mei as gefolch dat se tige ûntefreden wurde oangeande har eigen grouwer wurdende lichem.

Sjoch dat moatte wy net hawwe. Mar ik soe yn gefal fan ûnfrede of stres dy oalje net keapje en ek net oan in wurkshops meidwaan dêr’t allegearre folk komt mei stres en dikke liven. Nee, jou my mar it útsjoch oer de wide Waadsee of lit my derop útgean yn Appelskea: leafst oeren en nochris oeren fytse, fytse en fytse en rinne, rinne en rinne. Dat kin sûnder stokjes. En dan om healwei seizen hinne, sa tsjin itenstiid, in gleske bier of wat oars alkohoalysk, lekker ite, net al te let op bêd en dan lekker neuke en lekker sliepe.

fot cannabis komt fan: medical.blogspot.com

jannewaris 21, 2016 12:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.