Feie Fonyk oer treinterreur

jannewaris 14, 2016 14:23

Dea geane wy allegearre, mar de measten stelle dat leafst salang mooglik út, útsein bygelyks dy pear hûndert dy’t elts jier foar de trein springe. Eins soe dat ferbean wêze moatte en dat is it miskien ek wol. Ik bedoel mar, wat dogge jo oaren oan troch soks te dwaan, de famylje, freonen, de masinist en net te ferjitten de treinreizger dy’t heart dat der in oanriding mei in persoan wie en dan moatte jo ôfwachtsje hoelang’t it duorret foardat de boel wer op gong komt. De nije man fan it spoar, Pier Eringa, wol der wat oan dwaan. It leit yn de bedoeling om in kamera op de foarkant fan de trein te setten, sadat it dúdlik wurdt wat der krekt barde, om dêrmei ûnnedich en wiidweidich ûndersyk foar te wêzen.

Wa’t tsjintwurdich yn Parys op de Thalys nei Amsterdam stapt, moat earst troch de scan, want ja, der soe ris in terrorist ynstappe kinne. Wêr moat it hinne as it sa trochgiet. Aanst komt it safier dat jo gjin trein, bus, tram, teater, bioskoop yn kinne sûnder earst scand te wurden. Soe soks net gefaarlik wêze freegje ik my ôf, al dat gescan. Ik bin der poer en poer op tsjin. Sjoch dy fleantúchkontrôles, hawar, dêr falt mei te libjen. Dêr soe it by bliuwe moatte.

Om op Parys werom te kommen, koartlyn haw ik in kunde frege dy’t krekt út Parys kaam hoe’t soks giet op Gare du Nord, want ornaris wurdt pas koart fan tefoaren oankundige op âlderwetske meganyske buorden op hokker ‘voi’ de trein komt. Dat is no folle earder, want dy kontrôles nimme in soad tiid. De scan skynt net oan te slaan op in Switserk mes, alteast net by myn kunde. Ik haw derop yn frege, omdat ik mei myn stomme kop op Schiphol al ris in djoer mes op dy manier kwytrekke bin, troch te ferjitten it út myn rêchpûde te heljen.

De earste slach hawwe dy ferrekte jihadisten, dy IS-lju, dy terroristen, dy gekken, dy religyferdwaasden, dy selsmoardners mei bomgurdles ûndertusken wûn. Wy binne benaud wurden en hâlde rekken mei harren. Opinylieders en kabaretiers doarre net mear te sizzen wat se sizze wolle. Wy binne moai klear mei dy kloatsekken. It hie better west om se fuort by de berte te fersûpen, mar ja jo witte net hoe’t it jonkje him ûntjaan sil. Ik soe sizze, hanthavenje de kontrôle op it fleanfjild en lit fierder alles gewurde. Sy hawwe útsjoch op de himel, mar wy fiere it libben om mei Charly Hebdo te sprekken en dêr heart net by dat wy ússels oeral neisjen litte moatte.

De foto komt út metronieuws.nl

jannewaris 14, 2016 14:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.