Feie Fonyk oer Nostradamus

jannewaris 7, 2016 14:32

Fansels binne der elts jier astrologen, teeblêdlêzers, glêzenbolsjoggers en oare healwizen dy’t tinke dat se sa om Nijjiersdei hinne eat oer de takomst sizze moatte en dan benammen oer it jier 2016. Der is altyd wol ien dy’t it by de rjochte ein hat. Sjoch, as ik sis dat wy yn febrewaris reedride kinne en myn freondinne seit fan net, dan sil ien fan ús beiden grif gelyk krije. Dat is noch ûnskuldich. Minder wurdt it as minsken sokke foarsizzingen foar wierheid oannimme. Jehova’s hienen der yn it ferline in hântsje fan om it jiertal te neammen dat de ierde fergean soe. Ik wit net oft se dat noch dogge. Ik haw se yn tiden net mear oan de doar hân, oars soe ik ris freegje nei harren apokalyps. It is fan alle tiden. Ien fan de bekendste takomstfoarsizzers wie Nostradamus, dy’t yn 1503 berne waard yn Saint-Remy-de-Provence. Der binne yn ús tiid minsken dy’t der fêst fan oertsjûge binne dat hy yn de takomst sjen koe.

Dy minsken en de Jehova’s witte net better en se binne yn harren ûnnoazelens mear apart as gefaarlik. Boppedat binne se folslein ûnskuldich foar minsken dy’t harren ferstân brûke. It kin oars. Sa lies ik ôfrûne saterdei yn de Volkskrant in kritysk artikel oer it CPB, it Centraal Planbureau. Dat is in klup dy’t benammen op ekonomysk mêd foarsizzingen docht. Dat is it buro dêr’t Paul Schnabel oant 2013 direkteur fan wie. Schnabel kaam koartlyn yn it nijs as wurdfierder fan PlatformOnderwijs 2032. Dizze moanne wurdt it einrapport oer de takomst fan it ûnderwiis yn Nederlân offisjeel oanbean oan steatssekretaris Sander Dekker. Yn it foarriedich ferslach fan dat Platfoarm fan oktober stiet in soad ûnsin. Dat tuskentroch.

Werom nei it CPB. It Volkskrant-artikel begûn mei in útspraak fan it CPB fan begjin 2015. “Zittenblijven kost 500 miljoen per jaar.” Ik koe my dy kop yn ’t sin bringe. It idee fan it CPB wie dat al jonges en famkes dy’t sitten bliuwe in jier letter oan it wurk geane. Dat is wier, mar it liket my te koart troch de bocht om dan te sizzen dat soks safolle jild kostet. Ommers dat soe allinne sa wêze as der genôch wurk is foar skoalferlitters wie, mar dat is der net. Mar, sille jo sizze, dy lju sitte op skoalle en dat kost jild oan leararen en gebouwen. De fraach is hoefolle dat it útmakket en wurkleaze leararen kostje ek jild. Wat ik mei dit foarbyld mar sizze wol is dit: takomstige ûntjouwingen binne te kompleks om der ienfâldige konklúzjes oan te ferbinen. De politike partijen litte har by harren beslútfoarming lykwols wakker liede troch it CPB, mar it is needsaaklik dat se harren sûne ferstân der tige by brûke. Safolle is my wol dúdlik wurden nei it lêzen fan it artikel Hegemonie CPB moet doorbroken worden fan Mirjam de Rijk. It artikel wie basearre op har boek 51 Mythen over wat goed zou zijn voor de economie. It liket my in oanrieder, mear as Nostradamus. De grootste ziener aller tijden.

 

jannewaris 7, 2016 14:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.