Feie Fonyk oer justysje

jannewaris 28, 2016 14:46

Yn myn ûnnoazelens tocht ik dat justysje ûnôfhinklik en sûnder streekrjochte bemuoienis fan it regear syn wurk docht. Fansels kin de Twadde Keamer wetten oannimme dy’t dan nei in skoft troch justysje útfierd wurde. Yn in soad lannen giet it oars. Foarbylden genôch. As it regear yn sokke lannen eat lêst, sjocht of fernimt dat it net oanstiet, lûke de ministers har neat fan de wet oan, mar dogge se “wat goed is foar it lân”. Dat komt der meastal op del dat it helpt om harsels yn it seal te hâlden.

Mei ús nije minister Ard van der Steur liket ús lân dy kant op te gean. Syn lêste akkefytsje sil him hooplik fataal wurde. Fan sa’n VVD’er soe mear ferstân ferwachte wurde meie. Hat dy VVD der dan mei te krijen? Jawis. In VVD’er soe ekstra foarsichtich wêze moatte mei wat er seit, nei it ôftreden fan âldman Opstelten, slûchslimme Teeven en ynkapabele Van Miltenburg, mar nee, om jin hinne slaan en sizze dat dy ICT’ers fan justysje sufferts binne omdat se dat Teeven-bontsje folle earder fine moatten hiene. De burokrasy slacht no werom. Se hawwe fan heger hân al tiden ferlyn sizzen krige om der net langer om te sykjen. In misse slach fan dizze minister.

Stjoer him mei fakânsje nei Turkije en lit him op justysje net weromkomme.

Mar wat ik it slimste fyn fan dy Van der Steur, dat is dit: dat er mear as in healjier wachtet om ekskús oan te bieden oan forensysk anatoom George Maat. In noch gruttere smjuntestreek wie it om parten fan it plysjerapport oer Maat swart meitsje te litten. Maat hat it rapport sels oerskriuwe kinnen en doe die bliken, wat eltsenien ûnderwilens wist – útsein de healwizen fan dat mislike RTL-programma – dat der neat mis is mei Maat en syn wurk foar de MH17. Der is wol in soad mis mei RTL, noch mear mei justysje en fan alles mei Ard van der Steur. Hy kin it bêste foar in skoft mei fakânsje nei in Afrikaans lân of nei Turkije stjoerd wurde. Kin er dêr ris neitinke wat rjocht betsjut. En nea weromkomme op justysje.

jannewaris 28, 2016 14:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.