“Draafhynders troch de loft!”

jannewaris 25, 2016 16:20

Op 6 jannewaris l.l. skreau ik foar It Nijs foar it earst oer de dowesport. Bedoeld foar lêzers dy’t dêr neat of net sa folle oer witte. Ik begûn mei: “Myn doke komt mei in gong fan sa’n 80 km/û thús en hie 450 kilometer ôflein”. In earste ‘neat fan dowesport wittende’ dy’t ik dat lêze liet seach my ferbaasd oan. “Kinne dowen sa hurd fleane?” “Mei gemak”, sei ik. “Tsjin de wyn yn!” Mar dowen kinne sels hurder as 120 km/û., as se de wyn mei ha. Hurde wyn út it súdwesten wei makket fan dowen strieljagers. As pylken stowe se yn massa’s troch de loft. En sa rekken we oan ’e praat oer it wedstriidfleanen mei postdowen.

Jonge dowen kweke begjint al yn de winter

De measte leafhawwers yn hiel Europa, ik behein my ta Fryslân, wiene mids desimber 2015 al drok dwaande mei it kweken fan jongen foar 2016. De ‘bewezen’ stamkeppels geane wer yn it kweekhok en besykje út alle macht in nest klear te meitsjen. Dat dogge se graach en se binne betûft.

Dowen meitsje nêsten fan tabaktstâlen. Nei tsien dagen lizze der twa aaikes yn en nei trije wiken komme de jonkjes út de aaien. Hiel belangryk is hoe’t se ‘opkomme’: binne se sûn en meie sa graach iten? Se krije ‘kropmolke’ fan sawol it wyfke as it mantsje.

Alle leafhawwers stelle harren sels alle kearen op ’e nij de fraach: Hoe sille de jongen fan ’t simmer fleane? Dat is alle jierren wer spannend. It sprekwurd: Jong geleerd, oud gedaan, giet foaral op yn de dowesport.

Nei in dei of sân, acht krije se in rinkje mei in unyk nummer om it poatsje. Dat rinkje is bepalend foar it fierdere libben fan in do. Fan in hiele goeie fleando wit in leafhawwer it ringnûmer út ’e holle. Fan domme dowen meastal net. Dat is by oare sporten net oars. Sa ken elkenien Johan Cruyff, Van Hanegem en Wim Kieft fan it fuotbâljen. As letter guon dowen hiel goed presteajre, dan wit sawat de hiele dowesport dat nûmer ek út ’e holle.

Wêrom? Hiel goeie dowen komme as se hurd fleane op ‘teletekst’. De measte dowesporters sjogge it op teletekst stean as in grutte prestaasje fan de doweleafhawwer sels fansels. Iksels fleach ôfrûne simmer (2015) ien kear iere betiid mei in do (krige fan Combinaasje De Wit) út Quivrain België wei. Ik kaam op teletekst te stean en krige binnen de koartste kear telefoantsjes mei grapkes as: “Ha de Sinezen al belle?” Der is yn it bûtenlân grutte belangstelling foar ‘teletekstdowen’. De foarige skeau ik dat der soms dikke protten jild foar in goeie do betelle wurdt.

Oare kear sil it gean oer it wedstriidfleanen.

Frâns Kuipers, Surhústerfean

jannewaris 25, 2016 16:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.