De wurddûnseres

jannewaris 10, 2016 10:30

Resint ferskynd

Hja kin hommels ferskine
asto der even net om tinkst
tusken de smelle linen
dy’t op it papier delset binne.

Sa as in koarddûnseres
yn it sirkus dûnset op hege koarden
dûnset de wurddûnseres
op it ritme fan de wurden.

Sierlik fan it begjin
oant en mei de ein fan in gedicht
yn eltse skreaune sin
mei in glim op har gesicht.

Oant de wurddûnseres beslút
har dûnsskuon út te skoppen
dan rêst hja yn de wytregels even út
dêr’t hja goed weikrûpboartsje kin.

© Priegel

jannewaris 10, 2016 10:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.